HEA! Karttalint Jorn Jelle Bremer

HEA! Karttalint Jorn Jelle Bremer
Jorn Jelle Bremer fan Britsum is 13 jier en hat in dream. Hy wol krekt sa goed wurde as syn grutte foarbyld, de Formule 1-koereur Nyck de Vries. Sels is hy krekt Nederlânsk kampioen wurden by it karten en hat noch grutte plannen.
Hy hat it firus fan heit meikrigen, want dy hat him faak meinaam nei de autocross. Doe't hy op YouTube in filmke seach fan it karten wie hy ferkocht.
Syn grutte dream is om mei te dwaan oan de 24 oeren fan Le Mans, en de Formule 1 liket him seker ek wol wat. Hy genietet alle kearen wer fan it stjoeren, de power en de adrenaline. Dat fynt hy machtich.