‘Bloeizones’ noch te ûnbekend en gemeenten kinne se better stypje

In ynspiraasjegearkomste tusken Bloeizones © Bloeizones Fryslân
Bloeizone-inisjativen krije lang net altyd de goede stipe fan Fryske gemeenten. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau, dat ek in toolkit makke hat sa't der better ynspile wurdt op de boargerinisjativen.
Mei de term Bloeizone wurde inisjativen bedoeld dy't troch ynwenners opset wurde, om har mei doarps- of wykgenoaten yn te setten foar leefberens, sûnens en wolwêzen.
It kin om fan alles gean, lykas it oanlizzen fan grien (lykas by Bloeizone Lege Geaen), in hûskeamer yn it doarp (Bloeizone Appelscha), filmjûnen (by Bloeizone Bakkefean) of beweging mei-inoar (by 058 SamenSterk).
It Fries Sociaal Planbureau hat in tal Bloeizone-projekten ûndersocht, yn Sint Nyk, Eastermar en Ljouwert. Ut it ûndersyk docht bliken dat der noch wol wat ferbetterpunten binne.

Unbekend

De term 'Bloeizone' kin noch wol wat mear bekendheid brûke, want út it ûndersyk docht bliken dat mear as 77 persint fan de ûnderfrege minsken noch noait fan it begryp heard hat.
De provinsje moediget it fersterkjen fan Bloeizones oan, mar dan moatte gemeenten wol witte wat krekt har rol is. It FSP jout dêrfoar ferskate ideeën.
Sa kinne gemeenten ûnder oare in rol spylje yn it ferbinen fan meardere lokale inisjativen, it kreëarjen fan draachflak en belutsenens, it makliker meitsjen fan gearwurking mei de oerheid.

Subsydzjes

Bloeizones driuwe op frijwilligerswurk, mar it oanfreegjen fan subsydzjes en fergunningen kost faak in soad enerzjy en tiid, sa docht bliken. Gemeenten soene in tagonkliker oersjoch biede kinne fan de mooglikheden, sa stelt it FSP.

Fêst oansprekpunt

In grutte winsk fan inisjatyfnimmers is it hawwen fan in fêst oansprekpunt by de gemeente. Faak wurde inisjatyfnimmers trochferwiisd fan amtner nei amtner, dat frustrearret in soad minsken. In doarpe- of wykkoördinator soe ek in oansprekpunt wêze kinne.
© Bloeizone Fryslân
Gemeenten kinne ek stypje mei ekspertize oer kommunikaasje, om minsken te berikken en te belûken by de plannen. Ien fan de grutte útdagingen is faak it berikken fan kwetsbere buertgenoaten.
Ek it kontakt tusken inisjatyfnimmers en organisaasjes kin better troch gemeenten fasilitearre wurden. Fierder kinne gemeenten romten of online moetingsplakken beskikber stelle.
It Fries Sociaal Planbureau jout noch folle mear hânfetten en hat in toolkit skreaun, dêr't gemeenten mei fierder kinne.