Noardwâlde jout âlde lokomotyf wer in plak, ferrustke parten restaurearre

Marco Klaibeda van STAR en projektlieder Dirk Dundas mei in âlde lamp fan de lokomotyf © Iwan van Nieuwenhoven
In âlde lokomotyf fan it Nationaal Vlechtmuseum yn Noardwâlde ferhuzet oer in moanne nei Stadskanaal foar in restauraasje. De bedoeling is dat er yn 2024 weromkomt en in plak foar it eardere stasjon krijt.
It giet om de oarlochslokomotyf NS164. Trije jier lyn krige it museum de lokomotyf fan Oorlogsmuseum Overloon, dat him as museum rjochtet op de skiednis fan de Twadde Wrâldoarloch.

Drintsk-Frysk tramnet

Foar Noardwâlde is hat it type lokomotyf wearde, om't dêr nei de oarloch fiif fan dizze Ingelske disellokomotiven foar de NTM (Nederlandsche Tramweg Maatschappij) rieden. De lokomotiven ferpleatsten har sa'n tsien jier lang op it Drintsk-Fryske tramnet.
Argyfbyld fan in lokomotyf © Omrop Fryslân
Foar't sy dêr rieden, wiene sy yn 1944 de Noardsee oerset nei Frankryk, om nei de ynvaazje efter de frontliny ynset te wurden. Dêrnei bleau der in tal efter, ûnder oare tusken Steenwijk en Easterwâlde.

Underfining by museumspoarline

Der wurdt al langer wurke oan de restauraasje, mar foar it lêste wurk is spesifike kennis en apparatuer nedich, lykas in grutte loads. Dêrom wurde alle losse en ferrustke parten fan de lokomotyf yn jannewaris fan Noardwâlde nei Stadskanaal brocht.
Mei de komst fan de lokomotyf yn 2019 © Omrop Fryslân
De Stichting Stadskanaal Rail, bekend as Museumspoorlijn STAR, helpt mei de restauraasje. Dêr hawwe sy ûnderfining mei it type lokomotiven. Fjouwer jier lyn wie der noch in ridend 'suske' op de museumline te sjen, de NS162.

Werom as monumint

Yn Stadskanaal wurde alle losse parten wer byinoar foege ta in lokomotyf. Nei alle gedachten duorret it wurk oant de hjerst fan 2023 en kin de opknapte lokomotyf yn de maitiid fan 2024 ûntbleate wurde. Ferskate fûnsen stypje de restauraasje.
It âlde tramstasjon fan Noardwâlde © Omrop Fryslân
De lokomotyf krijt in plak yn it grien foar it eardere stasjon yn Noardwâlde. It wurdt in 'statysk monumint', dêr't ek in stikje spoarbaan by oanlein wurdt.