Fryske assistinten flagje by Argentinië tsjin Poalen

Jan de Vries (l) en Hessel Steegstra (r) mei 'team Makkelie' © ANP Foto
De Fryske assistint-skiedsrjochters Hessel Steegstra en Jan de Vries binne oansteld foar de wedstriid kommende woansdei tusken Poalen en Argentinië op it WK fuotbal yn Katar.
It giet om de lêste groepswedstriid yn groep C.
It wurdt it twadde optreden fan it team fan skiedsrjochter Danny Makkelie. Ofrûne snein hie 'team Makkelie' de lieding by it duel tusken Spanje en Dútslân.
Poalen giet yn de pûl mei fjouwer punten oan kop, wylst de Argentinen op trije punten steane.