Danny Noppert komt op WK Darts tsjin Ritchie Edhouse of David Cameron yn aksje

Danny Noppert © Orange Pictures
Darter Danny Noppert treft yn syn earste wedstriid op it WK yn desimber Ritchie Edhouse of David Cameron. Dat is it resultaat fan de lotting foar it wrâldkampioenskip dy't moandeitejûn dien waard.
It krekte spylskema moat noch bekend makke wurde. De winner fan de partij tusken Edhouse en Cameron komt yn de twadde ronde út tsjin de Jouster. Noppert hoecht as ien fan de heechstpleatste spilers pas yn de twadde ronde fan it WK yn aksje te kommen.
It WK wurdt hâlden yn it Alexandra Palace yn Londen. It WK yn Londen begjint op 15 desimber.
Noppert syn bêste resultaat op it WK is in plak by de lêste 32. Dat helle hy de ôfrûne trije jier op it WK. Fierder kaam hy oant no ta net.