Deputearre kin ferromme sykhelje nei stipe foar spoarakwadukt Ljouwert

Deputearre Avine Fokkens © Omrop Fryslân
In mearderheid yn de Twadde Keamer wol dat de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert ferfongen wurdt troch in spoarakwadukt. Deputearre Avine Fokkens is der 'oprecht zeer ingenomen' mei.
Steatssekretaris Vivianne Heijnen seach sels net folle yn it plan fan Provinsje Fryslân om de spoarbrêge by Ljouwert te ferfangen. Heijnen fynt dat de brêge noch wol efkes troch kin.
CDA en VVD hawwe lykwols foarsteld om de 75 miljoen dy't nedich is foar in spoarakwadukt beskikber te stellen. ChristenUnie en D66 stypje it amendemint van de fraksjes, dêrtroch is der in mearderheid.

Nedich

Dêrmei kin deputearre Fokkens ferromme sykhelje. "De onderhoudskosten nemen per jaar toe en de storingen ook, dus er moet echt wat gebeuren. Maar los daarvan hebben we als regio al 25 miljoen sinds 2016 in de begroting staan, dus we zijn gaarne bereid om mee te betalen."
De spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De brêge dy't der no leit moat faak iepen foar de skipfeart. "Dus als we daar capaciteit kunnen winnen, kun je vaker treinen laten rijden en kun je voorkomen dat er vertragingen ontstaan."
Steatssekretaris Heijnen wiisde der op dat der ek al trije miljard reservearre is foar de Lelyline. "Daar zijn we uiteraard blij mee, maar het duurt nog wel tien, vijftien jaar voor die lijn er ligt", seit Fokkens dêroer. "In de tussentijd kan het niet zo zijn dat we zo slecht bereikbaar zijn."
En min berikber, dat binne wy as Fryslân neffens Fokkens wol. "Het aantal storingen per week ligt bij elkaar op zo'n negen uur. Dat is immens."
Deputearre Avine Fokkens
Dêr komt neffens har noch by dat it besteande spoar ek mei de Lelyline wichtich bliuwt. "Want alle mensen die uit de richting van Arnhem en Utrecht komen blijven via dat spoor gaan. Je hebt gewoon twee goede toegangspoorten naar het Noorden nodig. Investeren in een bestaand spoor is geen weggegooid geld."

Wenningbou

De ferfanging is ek nedich foar de ûntsluting fan nij te bouwen wenten, fynt Fokkens. "Het is er juist voor bedoeld dat in Leeuwarden het Spoordokplan gebouwd kan worden, met zo'n kleine tienduizend woningen. Dat vind ik een serieus aanbod van Leeuwarden aan het Rijk."