Ho, ho, ho: folsleine iepening Sintrale As útsteld fanwegen krystmerk Dokkum

© Ben de Jager, RTV NOF
Op 9 desimber soe de Sintrale As wer folslein iepen wêze foar ferkear, nei wurksumheden fan de provinsje. Mar dat wurdt trije dagen útsteld. Reden: de krystmerk fan Dokkum.
De gemeente Noardeast-Fryslân hat in fersyk om útstel by de provinsje dien. By Kerstfair Dokkum wurde in soad besikers ferwachte. De merk yn Dickensstyl lûkt al jierren tûzenen minsken nei Dokkum ta.
Yn septimber waard der ek al in oanpassing yn de planning dien fanwegen in evenemint. Doe waard de start útsteld fanwegen de Admiraliteitsdagen.
De ôfrûne moannen is der tusken Broeksterwâld en De Falom wurke oan de dyk yn ferbân mei de stielslakken dy't mooglik fersmoargjend wiene. Op 15 desimber moat al it wurk hielendal klear wêze.