Sipke Hulshoff tinkt al fierder as Oranje: "Cambuur wol ik noch in kear dwaan"

SportCast mei Arjen de Boer, Roelof de Vries, Geert van Tuinen en Sipke Hulshoff © Omrop Fryslân
Sipke Hulshoff sil ea as trainer werom komme by SC Cambuur. "Mar no noch net. Dêr is it te betiid foar", seit de assistint-trainer fan Feyenoord yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Hy sjocht it wol foar him, seit de Wâldpyk. "As ik in jier as 58 bin, dan soe ik Cambuur noch wol in kear dwaan wolle. Dan is de sirkel rûn. Ik haw fjirtjin jier by dy klup omrûn. It soe moai wêze om dan nochris werom te kommen as trainer."
Hulshoff hat nei syn tiid by Cambuur wurke as assistint-trainer by FC Volendam en is op dit stuit de assistint fan Arne Slot by Feyenoord. De Rotterdammers binne koprinner en 'Herbstmeister' fan de earedivyzje.
Nei it wrâldkampioenskip fuotbal krijt Hulshoff it drokker. Hy sil dan ek oan de slach as assistint fan de nije bûnscoach Ronald Koeman.
Besjoch en beharkje de Sportcast fan 28 novimber:
Hulshoff waard fia syn saakwaarnimmer benadere troch bûnscoach Ronald Koeman. "Wy hawwe mei elkoar kofjedronken en praat oer fan alles en noch wat. Ik wit no eins noch net presys wêrom't Koeman by my útkaam is. Mar hy docht it mei syn broer Erwin en sy sochten noch in fjildtrainer."
Ronald Koeman is in echte manager, fertelt Hulshoff. "Hy hat de 'helikopterview'. Myn hert leit by it fjildwurk. Dat doch ik by Feyenoord ek."
Hulshoff hat, mei help fan syn âlden, in protte ynvestearre yn syn karriêre as fuotbaltrainer. Hy wurke by syn heit yn de saak, in fytsmakker, mar krige in soad romte foar syn wurk yn it fuotbaljen. "Ik stie foar fjirtich oeren op de leanlist, mar der wiene wiken by dat ik dêr mar tsien oeren wurke. Dat ik no assistint-bûnscoach wurd, dat is in jongesboek."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.