Alde weinen fan Vliehors Expres steane nei 30 jier trouwe tsjinst te keap

Vliehors Expres © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De âlde weinen fan de Vliehors Expres op Flylân steane te keap. Nei 30 jier trouwe tsjinst wurde se ferfongen foar in duorsumer alternatyf. De nije wein brûkt sa'n 90 persint minder brânstof.
De weinen wurde benammen brûkt foar rûnritten oer de sânflakte De Vliehors. Dat gebiet is troch de wike ôfsletten as oefengebiet foar Definsje, mar is foar de rûnritten fan de Vliehors gjin ferbean terrein.
Alde weinen fan Vliehors Expres steane nei tritich jier tsjinst te keap