Jonge (16) yn Ljouwert mei grut mes berôve fan nep-Louis Vuittontas

In man mei in mes © Shutterstock.com (Alexey Lysenko)
In 16-jierrige jonge is ferline wike tongersdei op de Soestdijkstraat yn Ljouwert mei in grut mes berôve fan syn tas. De dief frege him ek syn trainingspak en jas út te lûken, mar it slachtoffer koe op 'e tiid útnaaie.
It slachtoffer waard troch de fertochte komplimintearre oer syn tas, in grize imitaasje skoudertas fan it merk Louis Vuitton. Gelyk dêrnei waard er slachtoffer fan de berôving mei it mes.
De jonge sei dat it slachtoffer ek al syn klean útdwaan moast, om't er ek it trainingspak en de jas fan it slachtoffer hawwe woe. It slachtoffer frege oft de dief dan wat mear ôfstân nimme woe. Doe't er dat die, koe it slachtoffer gau útnaaie en fuortsprinte fan syn beleager.
De fertochte soe in man fan ûngefear 20 jier âld wêze mei ûnfersoarge tosken en aknee op syn gesicht. De man hie in donkerbrune jas fan it merk Canada Goose en in read Nike-trainingspak.
De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe of (doar)kamerabylden hawwe mei dêrop de fertochte om kontakt op te nimmen.