Fryske flagge fuorthelle by universiteitsgebou yn Grins; DINGtiid praat oer it Frysk

Fryske flagge hinget healstôk © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De Fryske flagge by it Academiegebouw fan de Rijksuniversiteit Groningen is ôfrûne nacht healstôk hongen út protest tsjin it skrassen fan de heechlearaar Fryske taal- en letterkunde. Yn de rin fan de moarn is de flagge fuorthelle.
Sûnt it pensjoen fan heechlearaar Goffe Jensma is der opskuor oer syn opfolging. As opfolger is Anne Merkuur as universitêr dosint beneamd, mei in oanstelling foar twa dagen, wylst Jensma in foltiidfunksje hie.
Twa wiken lyn rôpen tal fan Fryske pommeranten (wittenskippers, bestjoerders en skriuwers) de universiteit op om in folweardige heechlearaar te beneamen.
De Fryske flagge is fuorthelle by de Ryksuniversiteit Grins
By de Rede fan Fryslân sei minister Bruins Slot ferline wike dat se op koarte termyn oerlizze wolle mei de RUG. Se frege har ôf oft it opfolgjen fan Goffe Jensma troch in universitêr dosint net yn striid is mei de ôfspraken tusken Ryk en universiteit oer it befoarderjen fan it wittenskiplik ûnderwiis fan it Frysk.
Yn de rin fan de moarn is de Fryske flagge fan de stôk helle.
Bernlef hat in Fryske flagge oanbean by de universiteit
Der waard sein dat studinten fan de Fryske studinteferiening Bernlef wat mei de flagge te krijen ha soenen, mar se sizze dat dat net sa is. Wol ha de leden oanbean om har eigen Fryske flagge oan de universiteit út te lienen, mar dat woe de RUG net.
Jacco Taconis fan Bernlef mei in Fryske flagge © Omrop Fryslân, Casper Slotboom

Nachtlike fandalen

Neffens de wurdfierder fan de RUG is de flagge stikken makke troch nachtlike fandalen. "De vlag is halfstok gezet met een een tiewrap, waardoor het doek is gescheurd. Daarom is hij weggehaald."
De universiteit hat net fuort in nije Fryske flagge. As dy besteld en levere is, wurdt er wer ophongen.
De Fryske flagge hinget der net mear © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
In delegaasje fan DINGtiid prate mei Jouke de Vries, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de RUG, oer de heechleararekwestje. It advysorgaan hie as ynset dat der in folweardige en folsleine leargong Frysk en frisistyk komt mei goed wittenskiplik ûndersyk.
Jan Koster fan DINGtiid
Jouke de Vries sei nei ôfrin fan it petear mei DINGtiid dat misferstannen út de wei wienen. "Op termyn komt der in heechlearaar, no is der in universitêr dosint en der komt in postdoc (ûndersiker) by."
Neffens De Vries betsjinnet de universiteit it Frysk goed en binne se dwaande mei in tuskenoplossing. "Der wurdt enoarm ynvestearre, ek troch de RUG, yn it nije talint yn Fryslân."
Jouke de Vries en Jan Koster
Neffens foarsitter Jan Koster binne DINGtiid en de universiteit oerienkaam dat der wol in folsleine en folweardige learstoel Frysk binnen de universiteit bliuwt. De fraach is lykwols wat dat krekt is.
Neffens Koster wurdt der no sjoen hoe't dat krekter konkretisearre wurde kin. Foar't de funksje fan heechlearaar wer struktureel ynfolle wurde kin, binne je sa fjouwer jier fierder. Oant dan moat der in tuskenoplossing komme. Der sil noch oerlis folgje oer hoe't dy tuskenoplossing krekt ynfolle wurde kin.