Surhústerfeanster fertochte (24) fan drugshannel moat langer sitte

© Plysje Noardeast-Fryslân
In 24-jierrige ynwenner fan Surhústerfean, dy't fertocht wurdt fan drugshannel, wurdt 90 dagen langer fêsthâlden.
Earder dizze moanne hâlde it drugsteam fan Noardeast-Fryslân de man oan op fertinking fan it hanneljen yn drugs. Der wienen meardere sinjalen dat er drugs ferhannele oan minder- en mearderjierrigen. By ûndersyk yn syn hûs waard 120 gram amfetamine fûn en oare soarten hard- en softdrugs. Ek lei der yllegaal fjoerwurk.
De fertochte is oanhâlden. De drugs, it fjoerwurk en de auto binne yn beslach naam. De riedkeamer fan de rjochtbank yn Ljouwert hat besletten syn foarriedich fêstsitten mei 90 dagen te ferlingjen.