LDODK hat sûnder Erwin Zwart offday tsjin Blauw Wit (A)

De spilers fan LDODK binne teloarsteld © Dijks Media
It tredde duel yn de Kuorbal League hat foar LDODK gjin punten opsmiten. Yn sporthal Koartsweagen ferlearen de Gordyksters mei 21-29 fan Blauw Wit Amsterdam. De Friezen steane foarearst op it sechsde plak.
LDODK rekke yn de earste kuorbalwedstriid fan it nije sealseizoen oanfierder Erwin Zwart kwyt mei in blessuere. Syn broer André nimt no syn taak oer yn it earste team fan de ambisjeuze Gordyksters.

Minne earste helte

De Friezen setten yn de earste helte min útein. Al fluch stie der in efterstân fan trije punten op it skoareboerd. LDODK hie in skoaringspersintaazje fan mar 14 prosint. By it skoft wie it 9-14 foar de Amsterdammers en dat wie net iens ûnfertsjinne.
Gerald Aukes oer LDODK-Blauw Wit (A)
Nei it skoft koe de ploech fan trainer/coach Gerald Aukes it net omdraaie. Blauw Wit makke in pear geweldige punten en by LDODK like der somtiden neat goed te gean. Yn de slotfaze fan de wedstriid kaam LDODK werom oant 20-24 en like it noch spannend te wurden, mar neat wie minder wier. Uteinlik stie der in einstân fan 21-29 op it skoareboerd.
Erwin Zwart fan LDODK by in eardere wedstriid © Orange Pictures
André Zwart (34) is dwaande mei syn 17e seizoen yn it earste fan LDODK. Sûnt de promoasje nei de Kuorbal League yn 2012 is hy al fêste krêft yn de seleksje fan de ploech út Terwispel en De Gordyk. Syn broer Erwin spilet ek al sûnt it begjin mei op it heechste nivo. Op dit stuit sit Erwin mei in achillespeesblessuere oan de kant.
Beide manlju wienen al in kear topskoarer yn de League. Yn 2016 pakte André Zwart dy titel mei 122 goals. André spile yn ferskate Nederlânske jeugdteams, mar wist TeamNL net te heljen. Dat slagge Erwin wol. Hy spile tusken 2014 en 2019 foar Oranje.
André Zwart ferfangt broer by LDODK
Erwin Zwart (32) wie úteinset mei syn 11e seizoen yn de sterkste kompetysje fan de kuorbalwrâld. De oanfierder foel lykwols yn it iepeningsduel tsjin DVO út mei in blessuere. In skuorke yn 'e haksine (achillespees) hâldt him foarearst oan 'e kant.
De refalidaasje duorret tusken de trije en seis moannen. Mooglik kin Erwin yn de slotfaze fan de kompetysje noch oanslute.

Ynternasjonal

Tusken 2014 en 2019 spile Erwin 39 ynterlâns foar Oranje. Hy wûn mei TeamNL 3 EK's, 2 WK's en ien kear de World Games (2017). Yn it seizoen 20/21 waard Zwart topskoarer fan de Kuorbal League, tegearre mei Mick Snel (Fortuna en TeamNL).
Op it stuit hat LDODK trije spilers yn Oranje: Harjan Visscher, Ran Faber en Femke Faber.

Stân Kuorbal League 22/23

TEAM DUELS PUNTEN
1. PKC 3 5
2. DVO 3 5
3. Fortuna 3 4
4. DOS'46 3 4
5. Blauw Wit (A) 3 3
6. LDODK 3 3
7. KZ 3 2
8. Groen Geel 3 2
9. KCC 3 1
10. Unitas 3 0