LC-sjoernalist Van 't Haar: "Deze winter wordt een humanitaire ramp in Oekraïne"

Habtamu de Hoop, Otto van der Galiën en Patrick van't Haar © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Sjoernalist Patrick van 't Haar fan de Leeuwarder Courant makket him grutte soargen: de kommende winter wurdt in grutte humanitêre ramp foar Oekraïne, sa foarseit hy.
Patrick van 't Haar is al twa kear nei Oekraïne ôfreizge om dêr te helpen en om de ferhalen fan de Oekraïners op te tekenjen. Hy is tige belutsen en hat in soad kontakten yn Oekraïne. Op dit stuit is it om it friespunt hinne en foar de kommende dagen wurdt der in soad snie ferwachte. Mei de minne enerzjyfoarsjenningen wurdt it hiel dreech foar de ynwenners.

Deafrieze

Ruslân bestookt de enerzjy-ynfrastruktuer yn Oekraïne mei raketten. Foarsjenningen as stroom en wetter binne somtiden oeren lang net beskikber. "Met temperaturen tussen de -10 en -20 graden red je het dan niet. Het gevolg zal zijn dat er mensen doodvriezen", sei Van 't Haar yn it nijsfoarum fan Buro de Vries.
Oekraïne hat wol "waarmtekeamers" makke dêr't altyd elektrisiteit, wetter en ynternet is. Minsken kinne dêr hinne gean as de stroom wer útfallen is, mar "Oekraïne is een heel groot land. Er zijn nog 37 miljoen mensen.... je kunt er nooit voor zorgen dat er een plek is voor al die mensen", konkludearre Van 't Haar.
De oarloch is no noch in lokaal konflikt
Otto van der Galiën, riedslid foar Lijst 058 yn Ljouwert en wetterskipsbestjoerder
Van 't Haar botste yn de diskusje oer Oekraïne mei riedslid Otto van der Galiën. "De oarloch tusken Ruslân en Oekraïne is no noch in lokaal konflikt", sei hy. Dêr is Van 't Haar it net mei iens. "Rusland heeft eerder Tsjetsjenië en Georgië op dezelfde manier geprobeerd te annexeren. En wat gebeurt er straks met Moldavië en Polen?" Van der Galiën sjocht mar ien útwei: "De partijen moatte om tafel en der moat ûnderhandele wurde."
Patrick van 't Haar reagearre dêrop troch te sizzen dat it eins simpel is: "Onderhandelen? Waarover? Rusland is Oekraïne binnengevallen. Als Rusland zich terugtrekt, is de oorlog voorbij. Als Oekraïne zich overgeeft, is er geen Oekraïne meer."
Otto van der Galiën en Patrick van 't Haar oer de situaasje yn Oekraïne
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.