Orange the World freget omtinken foar geweld tsjin froulju; aksje op It Hearrenfean

Wethâlder Sybrig Sijtsma yn aksje foar Orange the World © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ien op de fjouwer froulju yn Nederlân hat te krijen mei geweld. Dêr moat in ein oan komme. Dizze twa wiken wurdt mei de kampanje Orange the Word wrâldwiid omtinken frege foar geweld tsjin froulju.
Rûnom yn it sintrum fan It Hearrenfean binne oranje hannen mei teksten pleatst. "Stop geweld tegen vrouwen" stiet der. Ien is pleatst midden yn it útgeanssintrum. "Dat is een plaats waar ze horen", seit Esther Peeks. Sy is fanút frouljusgroep Zonta en Soroptimisten ien fan de inisjatyfnimmers fan de aksje.

Ien op de fjouwer froulju hat te krijen mei seksueel geweld

Gemiddeld heeft wereldwijd één op de drie vrouwen te maken met geweld", seit Peeks. Welmoed van der Velde follet oan: "Yn Nederlân hat ien op de fjouwer froulju te krijen mei seksueel geweld. Dat getal is fiersten te heech. Der moat echt wat dien wurde."
De froulju op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Van der Velde hopet dat de aksje op strjitte minsken bewust makket fan wat oaren oerkomt: "As je bygelyks by it útgean hearre dat in frou neiroppen wurdt dat je dêr dan wat fan sizze. Alle lytse stapkes helpe."

Nei de skoallen

In belangryk ûnderdiel fan de kampanje is in besite oan de skoallen. "Wij gaan bij het Friesland College het gesprek aan mei jongeren tussen de 15 en de 25", seit Peeks. "We willen daar vooral jongens en mannen bereiken met pittige stellingen. Over nafluiten bijvoorbeeld. Een jongen die dat doet, denkt dat hij een compliment geeft. Het meisje kan dat juist heel erg intimiderend en bedreigend vinden. Als je dat van elkaar hoort, ontstaat er hopelijk begrip."
Esther Peeks en Welmoed van der Velde
Yn Fryslân binne de kommend dagen tal fan aktiviteiten yn it ramt fan Orange the World. Op ferskate plakken wurdt mei kryt op stoepen de oandacht fêstige op it probleem fan cat-calling: it neiroppen fan froulju op strjitte. Ek wurde bygelyks gebouwen yn it oranje ljocht set as aksjemiddel.