Gaming yn Fryslân, diel 4: "Het willen winnen zit diep in mij"

Joran Scheffer fan Burgum gamet foar in grut publyk
De gaming-yndustry wint fluch oan betsjutting. Wat foar in soad lju noch in mysterieuze wrâld liket, is foar oaren in tige serieuze beuzichheid. Omrop Fryslân portrettearret seis Fryske gamers. Hjoed: Joran Scheffer fan Burgum.
De 24-jierrige Joran spilet Midlane foar Eintracht Spandau yn League of Legends: in kompjûterspultsje wêrby't je as team it oare team ferslaan moatte. Scheffer spile al jierren League of Legends, mar murk yn 'e rin fan de jierren dat hy dochs in stik better wie as syn freonen en hy klom dêrtroch yn 'e ranglist.
It soarge der úteinlik foar dat er spylje koe tsjin minsken dy't har jild fertsjinje mei it spultsje. Dit makke dat hy try-outs dwaan koe en sa fan syn hobby syn wurk meitsje koe.