Skea oan auto's en in hûs yn Drachten troch in rit mei stellen trekker

Skea oan de Drachtster wenning troch de trekker © CAMJO Media
De plysje siket tsjûgen fan in rit dy't juster mei in blauwe stellen trekker troch Drachten dien is. De bestjoerder ried gefaarlik en hat meardere oanridingen feroarsake.
De trekker fan it merk New Holland waard stellen fan in bouplak oan de Noarderhegewei, by it carpoolplak Nijtap. Dêrnei is op gefaarlike wize troch Drachten riden.
In fytser is oanriden en auto's rekken skansearre. De trekker kaam ta stilstân tsjin in wenning yn Beter Wonen, dêrby rekke it hûs beskeadige. De bestjoerder, in 42-jierrige Ljouwerter, is oanhâlden.
Minsken dy't de trekker sjoen en/of bylden hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje.