Gordykster Anke de Jong te sjen yn nij seizoen Wie is de Mol?

Anke de Jong © AVROTROS
Anke de Jong fan De Gordyk is fan 7 jannewaris ôf is te sjen yn it nije seizoen fan 'Wie is de Mol?'. Dat is sneon bekend makke. De Jong is haadredakteur fan it moadeblêd ELLE. Se is mei har 35 jier de jongste haadredakteur fan in moadeblêd yn Nederlân.
Hjirfoar wie se jierrenlang haadredakteur fan in oar moadeblêd, Glamour. Ek is se regelmjittich as moadesaakkundige te sjen by RTL Boulevard.
De dielnimmers oan it nije seizoen fan Wie is de Mol? © AVROTROS
Yn Wie is de Mol? dogge de kandidaten allegear opdrachten om safolle mooglik jild op te heljen. Under harren is lykwols ien 'mol', dy't dat ûnopfallend besiket tsjin te gean. De kandidaten moatte sjen te efterheljen wa fan harren dy mol is.

Mollicitatie

Yn har 'mollicitatie' (in filmke wêryn't de kandidaten útlizze wêrom't se de mol wêze wolle) seit De Jong: "Ik wil heel graag de mol zijn, omdat ik hou van een grote show en het lijkt me gewoon waanzinnig om daar de hoofdrol in te hebben."
De Jong wol in "leuke, sympathieke mol" wêze. "Waarvan iedereen uiteindelijk denkt: 'Nee, dat meen je niet. Dat kan niet'."
It nije seizoen fan Wie is de Mol? spilet him ôf yn Súd-Afrika en is fan 7 jannewaris ôf te sjen op NPO1.