Ruiljen is it nije keapjen op Black Friday by de Sintswap yn Frjentsjer

Foar Shere Asensi is it duorsumens aspekt tige wichtich © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Boeken, knuffels, boartersguod: it like wol 5 desimber by de Sintswap yn Frjentsjer. Om jild te besparjen en om duorsumer te wurden, waarden dêr op Black Friday Sinteklaaskado's ruile.
"Je ruilt je speelgoed voor dat van een ander", fertelt inisjatyfnimmer Karin Zijlstra. Alden brochten earst harren boartersguod, krigen dêr punten foar en mochten dy freed útjaan oan nij guod.
Mei de beurs ticht, dus. En dat kin hiel wat skele, al hielendal as de enerzjyprizen en ynflaasje heech binne.
"Mensen krijgen het steeds zwaarder en moeilijker", sa seit Zijlstra. "Dit is een heel mooi initiatief om iedereen mee te laten genieten."
By de Sintswap waard ruile om jild te besparjen, mar ek foar duorsumens
Mar it is net allinne finansjeel, it is ek duorsumer. "Er zijn al zóveel spullen in de wereld, dus tweedehands is beter", vertelt Shere Asensi.
Sy komt foar de fjirde kear guod ruiljen. "Dit is makkelijker dan de hele dag op Markplaats zitten, je brengt in één keer al je oude speelgoed en neemt wat nieuws mee."
© Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Har bern ha der neat op tsjin as it guod twaddehânsk is. "Nee, geen probleem", seit Asensi. "Mijn jongste zei: 'ik maak geen lijst, wat ik krijg is goed'."
As it net fan in ruil komt, kin it guod dochs noch in twadde libben krije, fertelt Zijlstra. "Het overgebleven speelgoed gaat naar het goede doel, het komt overal weer goed terecht."