VVD en Forum voor Democratie ha no ek offisjeel in listlûker foar de Steateferkiezingen

De kandidaten © VVD
De leden fan VVD Fryslân ha de offisjele list foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten yn 2023 fêststeld. Ek de list foar it Wetterskip is sneon bekend makke.
Avine Fokkens (no deputearre) fiert de list foar de Steateferkiezingen oan, folge troch Eric ter Keurs, Martijn Brands, Gerda Bos en op nûmer 5 Aldo Voorn.
Sneon waard troch de partij ek de list foar it Wetterskip fêststeld. Earder waard al bekend dat Ids de Groot de listlûker is. Op nûmer 2 stiet Yldau de Boer, folge troch Aukje Kroondijk en Rolf Koops.

Albert G. van Dijk foar Forum

Fokkens wie sneon net de iennichste listlûker dy't bekend makke waard. By Forum voor Democratie fiert Albert G. van Dijk, fraksjefoarsitter fan FvD Fryslân, de list foar de provinsjale ferkiezingen oan. Der is net bekend makke wa't der noch mear op de list stean by Forum.