Trienke Elshof fan LTO Noord: 'Boeren hâlde wantrouwen yn kabinet mei twongen opkeap'

Foarsitter Trienke Elshof fan lânbou-organisaasje LTO Noord is kritysk oer de nije stikstofmaatregels fan it kabinet. Wichtichste punt fan krityk is dat it elemint fan twang by de opkeapregeling net fan tafel is.
It kabinet wol rap ferduorsumjen en docht boeren dy't in soad stikstof ferspriede oer natuergebieten in útkeapoanbod. Pykbelesters dy't op koarte termyn frijwillich ophâlde, krije 120 persint fan de merkwearde fan harren boerebedriuw oanbean. Boeren dy't letter net opkocht wurde wolle, kinne ûnteigene wurde.
"Dizze regeling kin pas yn april yngean", seit Elshof. "Mar yn de twadde helte fan it jier wurdt al sjoen oft der foldwaande animo is. Sa net, dan sille der twingende maatregels komme. Dat fine wy wol hiel koart. Is der dan noch wol wat te kiezen?"
Neffens Trienke Elshof fan LTO Noord is der noch in soad ûndúdlik oer de opkeapregeling
Neffens Elshof kin de opkeapregeling goed útpakke foar boeren, mar kleve der ek noch in soad fragen oan.
"It is natuerlik oan de boer. We sjogge dat boeren op dit momint har ek wol oantsjinje foar opkeap. De easken foar opkeap wiene altyd hiel strang, inkelden kamen der mar foar yn oanmerking. Foar de boeren dy't ophâlde wolle, is it miskien bêst wol in moaie regeling."
Boeren moatte wol kieze kinne.
LTO Noord is net perfoarst tsjin de regeling. "We sizze gjin nee", seit Elshof. "Foar dejingen dy't har no oanmeld ha, is dizze mooglikheid der. It is in reedlik oanbod, ôfhinklik fan de taksaasje fansels. Mar boeren moatte wol kieze kinne. Se moatte ek sjen kinne nei ynnovaasje, nei ferpleatsing of opkeap as lêste."
Se freget har ûnder mear ôf wêr't de wearde fan it bedriuw op basearre wurdt. Boeren dy't harren buorkerij opjouwe, meie nei alle gedachten ek net op in oar plak in nije buorkerij begjinne. Net yn Nederlân en mooglik ek net earne oars yn Europa.
"Dus dan komt der in beropsferbod", seit Elshof. "En dan is it noch ôfwachtsjen hoe't dy regeling yn Europa goedkard wurdt."
Trienke Elshof oer it wantrouwen fan de boeren yn de oerheid
Provinsje Fryslân hat earder sein tsjin twang by it útkeapjen te wêzen. Elshof freget har ôf wa't de regy hawwe sil. "Is it de oerheid, dy't opkeapet? Komt der aanst út Den Haag wei immen lâns en giet dy de gebieten yn? Of is it de provinsje dy't hjir noch in rol yn hat?"
It ferskil yn stânpunt tusken ryk en provinsje is grut. "De fraach is hoe't dit no byinoar komt."
Aksjes komme der foarearst net mear, tinkt Elshof. Dat is yn alle gefallen de ynstek fan LTO Noord. "Mar it ropt dochs wol wer emoasjes op." Mei de fokus op de opkeap fiele boeren har demonisearre en net winske, seit se.
"Dat stekt. Wurdst eins in bytsje yn dy slachtofferrol drukt, en dat ropt wer bepaalde boasheid op. En ûnbegryp. De emoasjes sitte enoarm heech en it fertrouwen yn de oerheid is tin. It wantrouwen is der noch hieltyd en dat is echt noch net fuort."
Trienke Elshof: "Kinst it net allegear op it buordsje fan de boer lizze."
Oer lânbouminister Piet Adema is Elshof goed te sprekken. "Ik fyn dat hy it hiel 'daadkrachtig' oppakt. Hy giet neist de boeren stean en dêrmei sizze wy ek: wy wolle neist Adema stean. Wy wolle meiwurkje oan it lânbou-akkoart, om in lykwichtige beweging te krijen nei in type lânbou en dan kinst nei ferskillende rûten sjen."
Elshof neamt ynnovatyf-yntinsive en ekstinsyf-natuerynklusive lânbou. "Dy paden wolle wy ferkenne, en foaral ek wat dêr foar nedich is yn middels en regelingen om dy stap meitsje te kinnen. Kinst it net allegear op it buordsje fan de boer lizze."
