Nije ynformaasje oer de 'Eanjumer pensjonmoarden' fan 1997 yn nij boek

Der is 14 dagen lang ûndersyk dien yn en om it pensjon © Omrop Fryslân
25 jier nei dato ferskynt der in boek oer de dûbelde moard yn Eanjum. Op it terrein fan pensjon Het Station waarden mei de krystdagen fan 1997 twa lichems fûn. Pensjonhâldster Marianne van der E. waard as skuldige oanwiisd.
Yn it boek 'De heks van Anjum' beskriuwt sjoernalist Margriet Brandsma wiidweidich hoe't de situaasje doetiids yn Eanjum wie.
Troch petearen mei freonen krijt de lêzer in yndruk fan Marianne van der E. En dy yndruk is twaslachtich: in soad freonen beskriuwe har as in tige sosjale, aardige en humoristyske frou. Tagelyk krijst as lêzer ek it byld fan in frou dy't it paad sa no en dan bjuster is. In frou dy't frjemde dingen docht en rûzje makket.
Margriet Brandsma © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Margriet Brandsma is geregeld yn Moddergat - dêr't Marianne van der E. in fakânsjehúske hie dat se ferhierde - en is fassinearre troch dizze frjemde moardsaak.
Nei har karriêre as NOS-korrespondint yn Dútslân komt se werom op de NOS-redaksje en beslút nei in pear jier om as selsstannich sjoernalist fierder te gean. Sy jout lêzingen en skriuwt boeken, ûnder oaren oer Angela Merkel en oer de gaswinning yn Grinslân.
Mei har ûndersyk nei de dûbele moard yn Eanjum dûkt se foar it earst yn in misdiedferhaal.
Yn de foartún fan it pensjon yn Eanjum wurdt yn de nacht fan 24 op 25 desimber 1997 it lichem fûn fan Louw de Jong. Njonken it lichem, dat yn plestik ferpakt is, is in gat groeven. Op oanwizen fan twa tsjûgen wurdt letter nóch in lichem opgroeven: dat fan Herman Sonnemans.
De pensjonhâldster, Marianne van der E. wurdt feroardiele foar beide moarden. It pensjon yn Eanjum krijt yn de folksmûle de namme 'horrorpension' en Marianne van der E. wurdt 'de heks van Anjum' neamd. Marianne van der E. hat de moarden altyd ûntkend.
In wike foar't beide moarden ûntdutsen waarden, wie noch in himpkwekerij oprôle. Dy wie fêstige op de souder fan de skuorre by it pensjon. Twa manlju, Ernst en Jaap wurde dêrfoar feroardiele. De pensjonhâldster seit fan neat te witten.
Heech op har listje fan minsken dêr't se mei prate wol, stiet Marianne van der E. Fia har advokaat kin Margriet in ôfspraak meitsje: Marianne wol wol mei har prate.
"Waarschijnlijk omdat ze haar kant van het verhaal wilde vertellen en nogmaals wilde zeggen dat ze niets met de moorden te maken had", seit Brandsma.
Sa die Omrop Fryslân ferslach fan pensjonmoarden op 27 desimber 1997
Marianne hat altyd ûntkend, sels as dat betsjut dat har TBS hieltyd mar wer ferlinge wurdt, om't in ûntkennende dieder net behannele wurde kin. Uteinlik stimt Van der E. yn mei behanneling en komt se yn 2013 frij.
Se krijt wenromte yn Utrecht, mar dy wente feroaret al gau yn in romte dy't fol stiet mei guod. Se sammelet fan alles en alles krijt in plakje yn har hûs. Der binne sels fûgels dy't se fersoarget en in logysk gefolch is dat it hûs fersmoarget.

Dea yn har hûs

Krekt foar't Margriet Brandsma har ynterview mei Marianne dwaan sil, krijt se berjocht fan advokaat Paul Acda dat Marianne dea fûn is yn har hûs.
"Eerst dacht ik: weg project. Maar een vriendin van Marianne mailde me en vroeg me dringend om mijn onderzoek wel voort te zetten. Zij wilde me graag helpen om alle contacten te leggen. En dus ben ik doorgegaan."
Het onderzoek laat veel losse eindjes zien.
Margriet Brandsma
Hoe fierder Margriet Brandsma komt mei har ûndersyk, hoe faker se tsjin fraachtekens oanrint. Guon saken doge net, hoewol't se net sizze kin dat Marianne ûnskuldich is, wurdt har wol dúdlik dat fan it begjin oan Marianne as dieder sjoen is en dat alles dat dêr nei wiist troch it Iepenbier Ministearje meinommen is.
Der binne lykwols ek saken dy't net yn it ferhaal passe: "In de slaapkamer van de pensiongast die er op dat moment was, is een sigaret gevonden met bloed er op. Marianne rookte niet en de pensiongast rookte niet. Het slachtoffer (Louw de Jong, red) rookte wel, maar zou hij terwijl hij al gewond was, nog een sigaret gerookt hebben?".
Mar ek: "Iemand uit het dorp had Marianne geholpen een gat te graven in haar voortuin. Niet groot genoeg voor een graf, er moesten planten in. Het lichaam van Louw de Jong werd op twee meter afstand van dat gat gevonden, gewikkeld in plastic afdekzeil. De man uit het dorp heeft me verzekerd dat dat er niet lag toen hij het gat groef. Wanneer is dat er neergelegd? Was Marianne zo sterk dat ze dat kon?"

Inoar tsjinsprekke

Boppedat, sa seit Margriet Brandsma, sprekke de ferskillende tsjûgen harsels tsjin.
Op de fraach oft it Iepenbier Ministearje dan mei in tunnelfisy ûndersyk dien hat, antwurdet Brandsma: "Datzelfde heb ik gevraagd aan Wim Anker, de eerste advocaat van Marianne. Hij zei "wij zeggen liever dat het OM geschoten heeft en daarna het doelwit heeft bepaald."
Op it terrein waard in grêf fûn mei dêryn it lichem fan Herman Sonnemans © Omrop Fryslân
Sûnder it te witten hat Omrop Fryslân in rol spile yn it ûndersyk fan Margriet Brandsma. Sy besjocht in filmke mei âld-resjersjeur Wessel Veenstra dat út it Omrop-argyf komt. Hy giet mei pensjoen en Omrop Fryslân-presintator Arjen de Boer hat in ôfskiedsynterview mei him.
De Boer freget nei de grutte saken dy't Veenstra behannele hat en Veenstra neamt as earste de moarden yn Eanjum. Hy fertelt dat er op 24 desimber 1997 belle waard troch kunde.
"En dat viel op", seit Margriet Brandsma. "Hij zei niet collega, nee, hij had het over een kennis. En die kennis had informatie over een belangrijke zaak." Brandsma siket kontakt mei Wessel Veenstra.

Runner

Hy fertelt har dat hy in runner wie: in plysjeman dêr't ynformanten út it kriminele sirkwy kontakten mei ha om tips troch te jaan. Veenstra waard dy dei belle troch sa'n ynformant. Se prate ôf op in tsjuster dykje tusken Hurdegaryp en Feanwâlden en de ynformant fertelt him oer twa moarden yn Eanjum.
Veenstra seit tsjin de ynformant dat er neat dwaan kin as der gjin oanjefte dien is. "Dat is dus nog vóórdat twee mannen zich melden op het politiebureau in Dokkum en daar vertellen over twee moorden", seit Brandsma mei klam. Al gau is it har dúdlik dat Jaap de ynformant is.
It pensjon yn Eanjum krijt yn de folksmûle de namme 'horrorpension' © Omrop Fryslân
En Jaap is ek de man dy't mei Ernst nei it plysjeburo yn Dokkum stapt. It binne boppedat deselde manlju dy't in wike earder oppakt binne, om't se in wytplantaazje hiene op it terrein fan it pensjon.
"Met andere woorden: pas nadat duidelijk is dat ze zelf buiten schot blijven, stappen ze naar de politie, terwijl het OM altijd heeft beweerd dat de twee mannen uit gewetenswroeging hebben verteld over de moorden."

20.000 gûne

Margriet Brandsma hat wiidweidich praat mei dizze Jaap, dy't yn Fryslân bekend stiet as krimineel. Hy fertelt har dat er 20.000 gûne krigen hat foar de tip oer de moarden.
Yn it boek komt noch in nijsgjirrich feit nei foaren. Jaap hat yn dy tiid ek in eskortbedriuw en ien fan syn klanten is in offisier fan justysje.
Oft dizze man in rol spile hat yn de Eanjumer moardsaak wurdt net dúdlik, mar Ernst mailt wol dat hy en Jaap him witte litten ha dat sy witte fan syn besites oan de eskortdame. "Hij schreef niet dat ze hem er mee gechanteerd hebben, maar wel dat ze van zijn connectie met het escortbedrijf afwisten."
Het zou kunnen dat de advocaat van Marianne van der E. vraagt om een herziening.
Margriet Brandsma
Dizze nije ynformaasje oer de Eanjumer moardsaak kin in sturtsje krije. Neffens Margriet Brandsma ûndersiket advokaat Paul Acda oft der reden is om in 'herziening' oan te freegjen.
Harkje hjir nei de reportaazje mei Margriet Brandsma oer har ûndersyk
Neffens Brandsma soe it goed wêze om oanfoljend ûndersyk te dwaan. "Ik zeg niet dat Marianne van der E. het niet gedaan heeft. Maar ik maak wel duidelijk in mijn boek dat het OM niet alles heeft onderzocht. En met name DNA onderzoek, waarbij de technieken de laatste jaren sterk verbeterd zijn, zou voor duidelijkheid kunnen zorgen. Als het materiaal tenminste bewaard is gebleven."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.