Persoan lichtferwûne by stekynsidint Minnertsgea, fertochte is oppakt

© ANP
Yn Minnertsgea is freedtejûn in persoan lichtferwûne rekke by in stekynsidint oan de Stasjonsstrjitte. De plysje koe de fertochte op it plak sels oanhâlde.
De plysje docht ûndersyk nei wat der krekt foarfallen is, sa om 21.30 oere hinne. De fertochte is nei it plysjeburo brocht.
De oanhâlden fertochte is in 18-jierrige man út de gemeente Waadhoeke. De man dy't licht ferwûne rekke, is 61 jier, ek út de gemeente Waadhoeke.