HOND lûkt 5.000 hûnen fan Japan oant Meksiko nei Ljouwert

In poedel op HOND 2022 © Omrop Fryslân
Yn it WTC Expo yn Ljouwert binne dit wykein leafst 5.000 hûnen te bewûnderjen. It grutste hûne-evenemint fan it lân strykt del yn de Fryske haadstêd.
Dat it in wichtich evenemint is yn de hûnewrâld is ek te fernimmen oan it dielnimmersfjild. Der komme baaskes út 25 lannen. Der binne sels oanmeldingen út Meksiko en Japan.
Mei 250 ferskate rassen is it WTC dit wykein in soarte fan libjende hûne-ensyklopedy
De show wurdt dit jier foar de 131e kear holden. De lêste jierren wie it altyd yn RAI Amsterdam, mar by de syktocht nei in nije lokaasje kaam Ljouwert as bêste út de bus.
Yn it WTC kin it evenemint rommer opset wurde en it is better te beteljen, sa seit foarsitter Mark Wisman. It is de bedoeling dat HOND ek de kommende jierren yn Ljouwert organisearre wurdt.
It evenemint bestiet neist de hûneshows ek út demonstraasjes, workshops, wedstriden en lêzingen. Net allinnich fokkers binne wolkom, mar ek 'gewoane' hûnebesitters en oare ynteressearren kinne dit wykein nei it WTC. Dêrfoar moat wol in ticket kocht wurde.