Gordykster learlingen iepenje lêslokaal mei maraton: "Relaxed ûnder in tekkentsje"

Anke lêst in boek fan Jan Terlouw © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Middelbere skoalle Singelland BHS op De Gordyk hat in lêslokaal iepene om it lêzen te stimulearjen by de learlingen. It lokaal is yn gebrûk naam mei in lêsmaraton fan 24 oeren.
Jongeren lêze hieltyd minder boeken, om't se de foarkar jouwe oan social media, kompjûterspultsjes, films en telefyzjesearjes. Se fine it lêzen dreech, kinne it net goed mear en ha der ek gjin aardichheid mear oan, seit dosint Nederlânsk Dieuwertje van der Wal fan de skoalle op De Gordyk. Sy hat it lêslokaal betocht en mei kollega's, learlingen en âlden ynrjochte.
Learlingen op De Gordyk hâlde in lêsmaraton
De ôfrûne moannen is it lokaal ferve, ha se meubels sammele en binne der 24 lêsplakken kreëarre. It plan wie om der in sfearfolle en útnûgjende romte fan te meitsjen en dat is neffens de skoalle goed slagge.
Anke sit yn de ûnderbou en hat dysleksy. Sy fynt it dreech om te lêzen, mar troch de ûntspannen sfear yn it lokaal wurdt dat hieltyd better. "Sitst lekker relaxed achteroer ûnder in tekkentsje in boek te lêzen, en oars moatst oan tafel sitte", seit se. "Dit makket it dochs wol wat leuker."
Ek Van der Wal sjocht in soad foardielen. "We lêze no ien oere yn de wike yn it lêslokaal. Dêrtroch is der folle mear konsintraasje by de learlingen." Dat smyt in protte didaktyske foardielen op, mar dêr is it har net allinne om te dwaan. "It giet my foaral om de wille yn it lêzen, dat je dêr fan genietsje kinne."