Offalferwurker NNRD nimt Van der Galiën dochs net oer

© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Offalferwurker Van der Galiën wurdt toch net foar in part oernommen troch de Noord Nederlandse Reinigingsdienst (NNRD). Dat bedriuw soe it ôffal ynsammeljen oernimme, omdat Van der Galiën syn fergunningen yn Koatstertille en Wâlterswâld kwytrekke.
Neffens direkteur Jippe van der Galiën hat de NNRD klanten benadere wylst der noch gjin hantekening ûnder de oerienkomst tusken beide bedriuwen stie. De oerienkomst tusken beide bedriuwen soe 1 desimber definityf wurde. Van der Galiën giet no fierder yn gearwurking mei it bedriuw HRM Grootegast.
Neffens de provinsje en milieutsjinst FUMO hie it bedriuw him net oan de miljeufergunningen holden.