Slypje en gravearje yn de Blokhúspoarte: Edelsmidden smite de doarren iepen

Edelsmid Sanne Bergsma © Omrop Fryslân
De belangstelling foar it fak edelsmid nimt flink ta. Om de populariteit noch fierder groeie te litten, is der in feestlik wykein op poaten set troch Collectief Edelsmeden Leeuwarden (CEL) yn de Blokhúspoarte.
De eardere finzenis yn Ljouwert is de thúshaven fan it kollektyf. Alle wiken komme dêr sa'n hûndert smidden yn 'e dop, om troch kursussen it fak te learen. Sandra Bergsma is ien fan de oprjochters. Sy makke tweintich jier lyn de oerstap fan dosint op it Friesland College nei edelsmid. Dat ambacht bleau se trou.

'Spannend beroep voor brein'

"Ik was helemaal gevallen voor het vak, was verkocht", seit Bergsma. "Het geeft ook zoveel mogelijkheden: je hebt prachtige materialen, waarmee je allerlei combinaties kunt maken. Je ogen, handen en hoofd moeten alledrie op één lijn zitten, wil er iets moois uitkomen. Het is een spannend beroep voor je brein."
Nei in skoft krige Bergsma in winkeltsje oan de Sint Jacobsstrjitte yn Ljouwert. Se joech dêr workshops, yn de tiid dat se noch yn it ûnderwiis siet. It rûn lykwols sa goed dat se beide aktiviteiten net mear kombinearje koe. Se socht kontakt mei oare fakgenoaten en sette mei harren it Collectief Edelsmeden Leeuwarden op yn de Blokhúspoarte.

Trije dagen edelsmidderij

Op dizze selde lokaasje kinne leafhawwers de kommende trije dagen oanklopje om mear te learen oer it ambacht. Der leit in programma klear dat bol stiet fan it edelsmeien. En it goede nijs, neffens Bergsma: Elkenien kin it leare. Al duorret it wol efkes foardatst it folslein ûnder de knibbel hast.
"Aan de ene kant kun je in een paar uur iets leuks op maat maken. aan de andere kant moet je jaren investeren om echt goed te zijn en er je brood mee te verdienen. Het is een vak met een brede techniek. En met elke techniek kun je specialist worden."

Fan earbel oant Etruskyske ringen

Freed binne der workshops fan 11.00 oant 16.00 oere. Elkenien kin dan oanskowe oan ien fan de grutte smeitafels. Je kinne der fan alles meitsje, seit Bergsma. "Van oorbel tot Etruskische ringen. De collega's staan klaar om te helpen."
Sneon is der feest en binne der demonstraasjes. Graveurs litte har keunsten sjen, der wurde stiennen slipe en der binne eksposysjes fan ôfstudearre edelsmidden. Snein komme der kollega's út de regio dy't der yn in pop up store harren sieraden toane en te keap oanbiede.
Bergsma is der wiis mei dat oaren sa yn oanrekking komme mei har favorite fak. "Het is mooi dat wat je tijdens het maakproces ontdekt, weer doorgeeft aan een ander."