HEA! Skatten út 'e grûn

HEA! Goeie Aldhoarne
It lân is wat wiet en de learzens fan Rein binne fierstente grut. Mar dochs binne Liam en Rein dapper oan it sykjen mei de metaaldetektor op in stik lân by Aldhoarne.
Oant no ta ha se noch net folle bysûnders fûn, in soarte fan izeren pin en in hânfol rustige spikers. Earder alris helle Liam in deksel fan in âlde myn boppe, dat wie wol spannend. Mar de beide mannen sette gewoan troch, hoopjend op gruttere skatten út 'e grûn.