Wetterskip sit eksoatyske kreeften efter de fodden om skea te beheinen

Eksoatebestrider Walter Kamstra fan Wetterskip Fryslân mei ien fan de rivierkreeften © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Wetterskip Fryslân wol mear sicht krije op wêr't de eksoatyske Amerikaanske rivierkreeften sitte en hoefolle der krekt binne. Dêrom folget fan april ôf in operaasje fan trije jier lang om dat yn byld te krijen.
In boatsje mei eksoatebestrider Walter Kamstra fan Wetterskip Fryslân fart yn it lege winterljocht oer de Feanwâldster Feart op wei nei syn muskusrottefallen. Mar dêr sitte hjoed-de-dei mear eksoatyske rivierkreeften yn as rotten.
Wetterskip Fryslân sit eksoatyske kreeften efter de fodden

In pleach yn it Bûtefjild

Rûtinearre tilt Kamstra in falle op foar in buis mei úteinlik sa'n seis kreeften. Yn de Feriene Steaten is it in delikatesse, mar hjir yn it Bûtefjild is it in pleach.
"Yn dit gebiet sit benammen de 'gestreepte rivierkreeft.' Fierder yn de provinsje komme we de 'gevlekte rivierkreeft' in soad tsjin", seit Kamstra, dy't in eksplosive tanimming sjocht. Dêr hat de natuer fan te lijen.

"Soad skea"

Deistich bestjoerslid Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân fernimt dat ek: "Wy sjogge yn hiel Nederlân, mar ek yn ús gebiet, dat dy rivierkreeften hieltyd mear foarkomme en in soad skea tabringe oan ús kaden en wâlskanten. Wy binne drok dwaande mei 'Kaderrichtlijn Water'-projekten en wy sjogge dat dêr dochs wol skea ûntstiet trochdat de rivierkreeft dingen stikkenfret."
Deistich bestjoerslid Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Wetterskip Fryslân hopet in kompleet byld te krijen fan de populaasje. Dat docht de organisaasje troch systematysk mei 600 'kreeftkuorren' ûndersyk te dwaan. Mei dy kuorren kinne je kreeften fange.
Yn 2017 sei it wetterskip noch dat it folslein útroeien fan de kreeften eins net mear mooglik wie.
In amer mei rivierkreeften © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Safier wol Van der Galiën no net gean: "Dat witte wy op dit stuit noch net. Dêrom dogge wy fansels ek de proef. Mar wy wolle ek mei klam beropsfiskers hjirby belûke. Want dat binne op dit momint eins ek de iennigen dy't se fange meie. Wy moatte goed sjen yn wat foar gearwurking wy dit mei de beropsfiskers dwaan kinne. Mar dan moatte wy earst goed sicht hawwe op de fersprieding."

Reade ferzje

De reade Amerikaanske rivierkreeft hat it meast destruktive imago. Der binne wol meldingen fan binnenkaam, mar it liket der op dat dizze soart him hjir noch net yn de grutte oantallen fêstige hat as yn it Westen fan Nederlân it gefal is.