Kommissaris Brok wol leafst nije wike al oerlis mei RUG en Poepjes oer frisistyk

Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Kommissaris fan de Kening Arno Brok wol op koarte termyn in petear mei Rijksuniversiteit Groningen en deputearre Sietske Poepjes oer de frisistyk.
"Ik bin net bliid mei de aktuele diskusje en it spyt my ek dat it de RUG skansearret", seit Brok. "Dat is net goed, want wy binne grutsk op de RUG." Brok die de útspraken by it útsprekken fan de Rede fan Fryslân troch minister Bruins Slot, dy't ek foar in part oer de opskuor gie.
Om't de Ryksuniversiteit Grins der net yn slagge is in nije heechlearaar Frysk te finen as opfolger fan Goffe Jensma, is earst taalkundige Anne Merkuur oansteld as universitêr dosint. Op termyn kin sy heechlearaar wurde, sa is it idee.
Mar net elts is gerêst op de takomst fan de stúdzje Frysk. Ferskate wittenskippers en organisaasjes binne kritysk op de gong fan saken.

Oerlis op koarte termyn

Dêrom wol er oerlis, wat Brok oanbelanget takom wike al. "Ik bin fan betinken dat it goed wêze soe dat frou Poepjes, de minsken fan de RUG en ik op koarte termyn mei-inoar prate om te sjen oft wy út dizze diskusje komme kinne."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok wol fluch in petear oer de frisistyk
Neffens Brok is ek de universiteit ree om te praten. Sels hopet er benammen op nuânse. "Ik besykje ek te ferbinen, omdat ik tink dat wy der út komme moatte. Mar ik begryp de opskuor wol."
Brok neamt fierder noch dat de posysje fan it Frysk yn it basisûnderwiis wat him oanbelanget it meast wichtich is.