Hurdfytster Aafke Soet (25) beëiniget karriêre en is iepenhertich oer anoreksia

Aafke Soet by de Nokere Koerse, maart 2022 © Orange Pictures
Hurdfytster Aafke Soet (25) fan It Hearrenfean hâldt op. Ien fan de redenen foar har beslút is dat se lang lêst hân hat fan anoreksia, fertelt se yn in iepenhertich berjocht op Instagram.
"Ik skriuw dit ôfskiedsberjocht omdat ik myn stim hearre litte wol", skriuwt se. "Ik ha my te lang skamme foar wat ik hie. Datjinge hat nei alle gedachten ek myn kâns op in suksesfolle karriêre behindere."
Se doelt dêrmei op anoreksia. "Ik hoopje dat gjinien soks mei hoecht te meitsjen, mar it komt spitigernôch folle faker foar yn de fytswrâld en de wrâld yn it algemien."

Fertrietlik om kollega's

Soet fertelt dat se sa'n fiif jier lang in ytsteurnis hân hat. "Dat gie op en del, mar de destruktive gedachten ha noait fuort west. Doe't myn gedachten wer ta rêst kamen, koe ik alles better ynsjen. It makket my fertrietlik dat sa'n soad fan myn kollega's hjir ek ûnder te lijen ha."
Yntusken hat Soet gjin lest mear fan anoreksia. "Ik bin bliid dat ik sizze kin dat ik opknapt bin", seit se. "Ik kin lang om let sjen hoe moai oft it libben is. Ik hoopje dat dit ek foar oaren jildt dy't dizze striid fiere."
Aafke Soet mei har gouden medalje op it EK tiidriden foar beloften yn 2018 © ANP
Soet har hurdfytskarriêre sit derop, mar se hat al wol in nije put fûn: se wurdt de ambassadeur fan it projekt (W)eetwatjedoet, dat ytsteurnissen yn de sport bestriidt en him ynset foar in sûn libben.
De Feanster hurdfytser wie benammen sterk yn tiidritten. As belofte wûn se it EK tiidriden en de prestizjeuze Chrono des Nations. Se pakte yn 2018 as belofte ek sulver by it EK op de dyk. Datselde jier wûn se in etappe yn Grins yn de Healthy Ageing Tour.