Wenningkorporaasjes helpe sosjale hierwenten yn Drachten te ferduorsumjen

Sije Veenstra bringt radiatorfoly oan © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Sosjale hierwenten mei enerzjylabel D, E, F en G krije fergees ferduorsumingsmaterialen. Wenningkorporaasjes Accolade en WoonFriesland wolle sa minsken de winter trochhelpe.
It binne besparmaatregels lykas radiatorfoly, in wetterbesparjende dûskop en strips om sigerij tsjin te gean. "Dat smyt al gau in pear tientsjes yn it jier oan besparring op", seit Sije Veenstra. Hy bringt it materiaal oan yn de hûzen: "Om it sels te keapjen, moatte je der al gau sa'n 80 á 100 euro foar betelje."
Wenningkorporaasjes helpe sosjale hierwenten yn Drachten te ferduorsumjen
It projekt giet fan start yn de Drachtster wyk De Wiken. Dêr binne sa'n 180 wenten dy't in leech enerzjylabel hawwe. "It is moai om hjir te begjinnen", seit Nienke Woldman fan Accolade. "Mei WoonFriesland en de gemeente Smellingerlân kinne wy oplûke. Dat jout krêft oan dizze aksje. Wy dogge dit no trije dagen en alles wat wy hjir leare, kinne wy wer tapasse yn oare gemeenten."
"De kommende moannen wolle wy alle 600 wenten yn ús behear oanpakke. Wy witte fan dizze pilot al dat de produkten net leverber binne. Sa komme wy no al siichstrips tekoart. Gelokkich kinne wy wat diele mei WoonFriesland. Dat moatte wy by oare gemeenten dus betiids bestelle."
De gemeente Smellingerlân stelt op har beurt in enerzjycoach beskikber. "Wij geven mensen advies over het energiegebruik thuis", seit enerzjycoach Flip Haagsma. Hy fernimt dat minsken fan dizze doelgroep net gau oanklopje foar tips: "Daar lijkt een beetje een barrière te liggen. Misschien omdat mensen niet weten dat het gratis is. Daarom sluiten we nu ook aan, wij hopen nu met mensen in gesprek te gaan om met hun de energie te beheren. Zo kunnen we besparende maatregelen nemen."
Foar de lange termyn binne dizze maatregels net genôch, seit Woldman: "Uteinlik wolle wy alle wenten nei enerzjylabel B, A, of miskien noch wol heger krije. Mar dat kin net op dizze koarte termyn. Troch dizze materialen oan te bieden, kinne wy ús hierders helpe om sa goed as mooglik de winter troch te kommen."