Sjongeres Denise Rivera: "Ik maak muziek om mensen blij te maken"

Denise Rivera hat in nije single útbrocht. 'Silencio' is in bewurking fan de hit 'Stil in mij' mar dan mei in swingende latinsound en blazers. De yn Bolivia berne sjongeres fertelt yn Noardewyn oer har bysûndere karriêre.
"Zingen is mijn grootste passie", fertelt Denise Rivera (1969). "Met mijn producer Peter Krako had ik het idee om Nederlandse liedjes in een nieuw jasje te steken en hij maakte dit arrangement. Het origineel is een poprocknummer gezongen door een man. Hoe gaan we dit Spaans laten klinken, dacht ik. Ik ben blij verrast en ook Van Dik Hout, die het nummer schreef, was blij verrast. Ik ben er echt trots op."
Denise Rivera wennet sûnt 1998 yn Ljouwert. Earder wenne se yn Bolivia, de Feriene Steaten en Spanje. "Ik ben op drie continenten opgegroeid. Dat maakt een mens flexibel. Ik voel me overal thuis." Se groeide twatalich op, mei in Ingelskpratende heit en in Spaanskpratende mem.
"Mijn vader is Nederlander. Hij vertrok als jongeman vanuit Amsterdam naar Amerika en kwam daar in New York mijn Boliviaanse moeder tegen." Flakby de haadstêd La Paz groeide Denise op. "We woonden net buiten de stad, in de bergen."

'Geadopteerde Friezin'

Weromsjend op har jeugd hat se gjin fêste roots. "Dat heeft me juist als mens verrijkt. Ik ben dankbaar dat ik zoveel verschillende culturen, talen en mensen heb leren kennen." Se neamt harsels no in 'geadopteerde Friezin'.
Yn Madrid kaam se har man tsjin, in Nederlanner dy't dêr foar syn wurk siet. Doe't dy foar syn wurk nei Ljouwert moast, twivele se gjin momint en pakte fuort de koffers yn. "Ik had nog nooit van Leeuwarden gehoord, maar ik zei: we gaan gewoon. Ik hou van avontuur van uitdagingen. En nu kon ik eindelijk de taal leren die op mijn paspoort staat."
Ik had met het Spaanstalige iets anders te bieden en wilde mijn muziek delen met mensen. Fryslân was blij met mij en ik was blij met Fryslân.
Denise Rivera oer har muzikale ambysjes
Se liet alles achter, ek har sjongkarriêre. "Ik was achtergrondzangeres bij Enrique Iglesias. Toen ik hier kwam, wist niemand wie hij was. Ik moest echt vanaf nul beginnen." Se kaam midden yn de winter oan. "Mijn hemel, ik kon niet geloven dat het zo koud kon zijn. Ik heb veel vitamine D geslikt, haha. Het was even wennen, maar het had ook zijn charmes."
It trochsettingsfermogen tekenet har karakter. Yn Madrid die se in soad wurk as voice-over. Yn Nederlân belle se mei ferskate studio's om oan wurk te kommen. "Ik ben begonnen bij Radio Mercurius, dat was mijn eerste baantje." As sjongeres kaam se mear en mear yn de muzykwrâld. "Als artiest voelde ik me omarmd. Ik had met het Spaanstalige iets anders te bieden en wilde mijn muziek delen met mensen. Fryslân was blij met mij en ik was blij met Fryslân."

Beatrix oan it dûnsjen

Yn 2008 krige se sels keninginne Beatrix oan it dûnsjen mei har muzyk op Keninginnedei yn Makkum. "Ik had een jurk aan met de Friese vlag en mocht met mijn salsaband optreden. Van tevoren was me het protocol verteld dat ik niet te dichtbij het koninklijk gezelschap mocht komen, ik mocht ze niet aanraken en niet aanspreken. Maar in mijn enthousiasme heb ik alle regels gebroken. Dat was een magisch moment."
Se helle dêrmei de foarside fan lanlike kranten.
Neist it sjongen fan latin is se ek bekend yn de wrâld fan trance. Fia kunde krige se de namme fan in dj dêr't se in track mei opnaam en sa learde se Ferry Corsten en oaren kennen. Koartlyn kaam in nij nûmer út dêr't se oan meiwurke.

Under de dûs

"Ik kreeg een berichtje op Facebook van Aly and Fila, een duo uit Egypte. Ze waren bezig met een nieuwe track, 'Hymn of hope'. Een nummer dat ze in coronatijd hadden geschreven om mensen hoop te geven. Ze vroegen of ik iets wilde zingen, maar dan zonder tekst, alleen maar geluiden. Nou, dat vond ik natuurlijk een uitdaging. Een keer stond ik onder de douche en begon wat te zingen. Dat klonk goed, ik heb het snel opgenomen en opgestuurd. Het nummer heeft al meer dan half miljoen streams op Spotify."
Als ik zie dat mensen blij zijn, springen of zingen en geraakt worden, dat is een magisch moment.
Denise Rivera oer optrede
De measte dj's nimme by in optreden de ynsongen stim mei op in usb-stick, soms wurdt live songen. Rivera hopet dat se gau wer útnûge wurdt.
"Ik voel me levend op een podium. De wisselwerking met de energie van het publiek vind ik fijn. Je geeft heel veel energie maar je krijgt ook heel veel terug. Ik heb nooit drugs gebruikt, maar dat is mijn high. Als ik zie dat mensen blij zijn, springen of zingen en geraakt worden, dat is een magisch moment."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Neist it sjongen is dûnsjen ek in passy. "Dansen was mijn passie vanaf mijn derde jaar. Ik heb altijd gedanst en ik geef nu zumbales op verschillende sportscholen. Dat houdt me fit en sterk dat wil ik blijven doen." En dêrneist is se ek noch sakefrou mei in eigen bedriuw. Se sprekt voice-overs yn (ûnder oare de TomTom). "Dat inspreken doe ik nu voor klanten wereldwijd, vanuit mijn eigen studio thuis in Leeuwarden."

Altyd warber

It is dúdlik dat Denise Rivera net goed stilsitte kin. "Ik ben niet te stoppen", laket se. "Ik ben altijd wel bezig met een nieuw project. Ik wil muziek maken om mensen blij te maken en ik wil creatief zijn met mijn stem met mijn lichaam. Blijf positief, dan komen de dingen op jouw pad. Die boodschap geef ik ook aan mijn twee zoons mee: geloof in jezelf en geef nooit op. Nee is voor mij het begin van een ja."

De list fan Denise Rivera

Artyst Nûmer
Denise Rivera Silencio/Stil in mij (bewurking fan Van Dik Hout)
Mecano Hijo de la luna
The Beatles Let it be
Aly and Fila with Denise Rivera Hymn of hope
Denise Rivera Estrella fugaz (bewurking fan 'In nije dei' fan De Kast)