Minister Bruins Slot: "It Ryk is al yn petear mei RUG oer heechlearaar Frysk"

Minister Hanke Bruins Slot sprekt de Rede fan Fryslân út © Omrop Fryslân
Minister Hanke Bruins Slot makket har der oprjocht soargen oer dat it Rijksuniversiteit Groningen net slagge is om funksje fan heechlearaar Frysk op itselde nivo troch te setten. Dat sei se yn har Rede fan Fryslân.
De minister freget har ôf oft it opfolgjen fan Goffe Jensma troch in universitêr dosint net yn striid is mei de ôfspraken tusken Ryk en universiteit oer it befoarderjen fan it wittenskiplik ûnderwiis fan it Frysk.

Yn petear mei universiteit

Bruins Slot ûnderstreke dat Ryk en Provinsje de universiteit beide 550.000 euro jouwe foar it befoarderjen fan it Frysk foar in perioade fan fiif jier. Sy is dêrom al yn petear mei de universiteit. "Dat vind ik belangrijk en noodzakelijk." De minister hopet dat dit gau liede sil ta it fuortsetten fan de oplieding Frysk 'op hetzelfde niveau'.
Ministers Slot en Wiersma sille mei Fryslân yn petear oer Frysktalich ûnderwiis
De Rede fan Fryslân fan Bruins Slot komt op in nijsgjirrich momint, omdat Ryk en Provinsje ynkoarten mei-inoar oerlizze oer in nij Bestjoersakkoart foar de Fryske Taal en Kultuer, dy't yngean moat yn 2024.
Minister Hanke Bruins Slot die har útspraken tongersdei yn it Provinsjehûs, dêr't se de alfde Rede fan Fryslân hold oer de takomst fan it Frysk. Eardere sprekkers wiene ûnder oare Carola Schouten, Gerrit Hiemstra, Pieter Winsemius, Prins Carlos de Bourbon de Parme, Olaf Koens en Gerdi Verbeet.
Wat kommissaris fan de Kening Arno Brok oanbelanget wurdt dat nije bestjoersakkoart 'minder braaf' as de âlde. "Sa as de tekst yn de Steateseal sa moai seit, 'it is mei sizzen net te dwaan', sei de kommissaris tsjin de minister en alle oare gasten yn syn wolkomstwurd.
Brok seit dat er it net nedich fynt dat minsken sa faak tsjin him sizze 'wat aardich dat jo altyd Frysk prate yn it iepenbier.'
"Dêr is neat bysûnders oan", seit Brok. "De kommissaris praat as minske ek gewoan Frysk, dat is like gewoan as ûnder de dûs stappe en de kontener bûten sette."
De belangstelling foar de Rede fan Fryslân troch de minister wie tongersdei bysûnder grut. Mei leafst 130 gasten wie de Steateseal grôtfol.
Ienmansprotest by de haadyngong fan it Provinsjehûs © Omrop Fryslân
Bruins Slot sei yn har taspraak dat sy de lûden oer ûnfrede as it om it plak fan it Frysk giet tige serieus nimt. "Er wringt iets, we zijn er nog lang niet." Sy fynt it dêrom in goeie saak dat de provinsje in meldpunt taaldiskriminaasje oprjochte hat.
"Het is goed dat Friezen scherp blijven op het gebruik van het Fries door instanties." De minister wol it kommende jier yn 'e mande mei minister Dennis Wiersma fan Underwiis mei de provinsje yn petear oer it ûnderwiis yn it Frysk. "Met een minister die Fries op de basisschool heeft gehad moet dat wel goed komen."

Van der Molen en De Hoop

Dat de minister yn aksje komt foar it Frysk op skoalle komt ek troch druk út de Twadde Keamer. By de begruttingsbehanneling fan it ministearje fan Underwiis komt CDA-Keamerlid Harry van der Molen tongersdei mei in amendemint om struktureel 1,4 miljoen euro mear út te lûken foar it ûnderwiis yn it Frysk.
"Gelukkig wordt er volop meegedacht over oplossingen en nieuwe ideeën om de positie van het Fries te verbeteren", sei de minister dêroer.
Kommissaris Brok neamde it amendemint fan Van der Molen en ek de moasje fan Habtamu de Hoop (PvdA) foar in heechlearaar Frysk yn Grins 'tige weardefol'.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Brok wol mear Frysk yn it ûnderwiis. "70 trijetalige skoallen is moai, mar net genôch." De kommissaris fertrout der op dat Rijksuniversiteit Groningen op koarte termyn mei de provinsje oerleit oer de heechlearaar Frysk. "De aktuele diskusje oer it Frysk skansearret de RUG."
De reaksje fan Arno Brok
Minister Bruins Slot wol ek serieus neitinke oer de foarstellen fan heechlearaar bestjoerskunde Heinrich Winter op it sympoasium fan DINGtiid, de organisaasje dy't frege en net-frege advys jout oan oerheden oer de Fryske taal.

Kommisje Fryske Taal

It giet dan om it ynstellen fan it kommisje Fryske Taal yn de Twadde Keamer. Dy soe alle jierren mei Provinsjale Steaten en in tal ministers prate moatte oer de steat fan it Frysk.
Ek stiet Bruins Slot iepen foar it idee om in kear mei de mienskiplike Earste en Twadde Keamer bûten Den Haag in oerlis te hâlden, om te begjinnen yn Fryslân.

Keamerfragen

Yn de Twadde Keamer wie earder krityk op minister Bruins Slot, omdat sy der leafst fiif moannen oer die om in rige Keamerfragen oer it rinnende Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer te beäntwurdzjen.
De Keamerleden Stieneke van der Graaf (CU) en Romke de Jong (D66) hiene dêr safolle argewaasje fan dat se dizze wike in ekstra debat oer it Frysk oanfregen en krigen.
Bruins Slot liet tongersdei yn Ljouwert net folle romte foar twivel oer har motivaasje. "Het bevorderen van de Friese taal en cultuur is niet alleen een verantwoordelijkheid van de provincie, maar ook van het Rijk."