Rob Alflen giet as assistint-trainer mei Ultee mei nei SC Cambuur

Rob Alflen op argyfbyld © Dijks Media
Rob Alflen wurdt taheakke oan de technyske stêf fan SC Cambuur. De 54-jierrige âld-fuotballer komt mei de nije trainer Sjors Ultee mei nei Ljouwert. Hy foarmet mei Pascal Bosschaart en Martijn Barto it assistinte-trio fan Ultee.
Alflen wie by Fortuna Sittard ek al assistint fan Ultee. As spiler fuotballe de Utrechter ûnder mear by FC Utrecht en Ajax. Mei de Amsterdammers wûn er ûnder mear de lânstitel en de UEFA Cup. Yn 2000 sleat Alflen syn spilerskarriêre ôf by Cambuur.
Letter waard Alflen haadtrainer by FC Utrecht en Helmond Sport en wie er assistint by Heracles Almelo. Alflen tekenet yn Ljouwert earst in kontrakt foar in healjier.