Keninklike Munt slacht munt om Sven Kramer te earjen

De spesjale munt foar Sven Kramer © KNSB
De Keninklike Munt hat in betinkingsmunt foar Sven Kramer ûntwurpen. Dat dogge se as 'hommage aan de indrukwekkende carrière van Sven Kramer'.
De fjouwerfâldich olympysk kampioen krijt de earste munt ein desimber oerlange by it NK Allround en Sprint yn Thialf.
Der komt in gouden en in sulveren pinning, en in coincard. Fan de gouden útjefte wurde mar tsien makke. Dy edysje is te keap foar hast 2.000 euro. De sulveren wurdt 150 kear slein en it paske komt fjouwertûzen kear yn omrin.