Fjouwer dagen lang dokumintêres út Europa yn 'FryslânDOK sjocht fierder'

FryslânDOK sjocht fierder © Omrop Fryslân
Yn novimber set FryslânDOK de finsters wiid iepen yn 'FryslânDOK sjocht fierder'. Fjouwer dagen lang binne bysûndere dokumintêres út hiel Europa te sjen en prate we mei de filmmakkers.
'FryslânDOK sjocht fierder' is fan tiisdei 29 novimber oant en mei freed 2 desimber, fan jûns 19.30 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân.
FryslânDOK hat tolve nijsgjirrige dokumintêres selektearre. Films dy't makke binne yn Roemenië, Italië, Spanje, Frankryk, Poalen, België, Amearika, en Nederlân. 'FryslânDOK sjocht fierder' is der no foar it twadde jier op rige. By it fertoanen fan de films giet presintator Karen Bies yn petear mei de filmmakkers en oare gasten.
FryslânDOK sil ek trije eigen produksjes sjen litte: de nije risping fan it projekt 'Nije Eagen'.
FryslânDOK sjocht fierder
"It is nijsgjirrich om te sjen hoe't kollega dokumintêremakkers yn oare lannen har ferhalen fertelle. In oar perspektyf op in oar plattelân. Mar tagelyk sjochst dat it oer gewoane minsken giet, lykas ús, en oer ûnderwerpen dy't ek hjir yn Fryslân spylje. Ferhalen fan fier en dochs tichtby", seit einredakteur Piter Tjeerdsma fan FryslânDOK.

Wolf

'FryslânDOK sjocht fierder' set de wike útein mei twa dokumintêres oer de wolf. In aktueel ûnderwerp en net allinne yn Fryslân, mar yn hiel Europa. Opfallend is dat de relaasje tusken minske en natoer it tema is fan mear films dy't dizze wike presintearre wurde.
Mear ynformaasje oer alle films is te finen op omropfryslan.nl/fryslandok.

FryslânDOK sjocht fierder

'FryslânDOK sjocht fierder' is fan tiisdei 29 novimber oant en mei freed 2 desimber, fan 19.30 oant 21.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.
'FryslânDOK sjocht fierder' is allinnich op telefyzje te sjen en komt nét online.