The Passion takom jier nei Harns: boargemaster wol stêd op de kaart sette

Ina Sjerps mei it krús fan The Passion © Omroep Zilt, Lennard Jan Geerts
'The Passion' is takom jier yn Harns. De KRO-NCRV hat besletten it peaskeferhaal op 6 april, wite tongersdei, út Fryslân wei út te stjoeren. It is foar it earst dat der wer publyk wolkom is by it grutte evenemint.
It evenemint lûkt gewoanwei tûzenen besikers. De cast dy't de haadrollen spilet wurdt begjin takom jier bekend makke, jout KRO-NCRV oan. It is de 13e edysje fan it muzikale peaske-evenemint. It is de twadde kear dat The Passion yn Fryslân is. Yn 2017 foarme it Saailân yn Ljouwert it dekôr foar it evenemint.
Foar it buorkundich meitsjen wie it bekende wite, ljochtjaande krús nei de Harnzer Dokkade brocht. Dat krús waard binnenhelle mei Tallship De Atlantis.

Sjerps hopet op promoasje fan Harns

Boargemaster Ina Sjerps fan Harns is wakker wiis mei de komst fan The Passion. "Harlingen is dé zeehavenstad van Fryslân", fynt sy. Sjerps wiist op de kultuerhistoaryske, monumintale binnenstêd. "Een evenement als The Passion past wat ons betreft bij uitstek in een culturele stad aan zee."
As boargemaster hopet Sjerps dat it grutte publyk yn 'e kunde komt mei Harns, sa't de gemeente ek fan it evenemint profitearje kin.
It Tallship mei it krús fan The Passion © Omroep Zilt, Lennard Jan Geerts
Dêr't it evenemint foar de omrop in kâns is om omtinken te jaan oan it Peaskeferhaal mei de lijenswei fan Kristus, is it foar de gemeente in kâns foar stedspromoasje.
De produksje fan it evenemint leit takom jier yn hannen fan Mediawater en KRO-NCRV, De Protestantse Kerk in Nederland, Kansfonds en gemeente Harns.

Bibelferhaal

Foar The Passion wurdt faak in grut poadium opboud, wêrby't spilers op lokaasje it Bibelferhaal fan Jezus fertelle en dat ôfwikselje mei sjongen. De dialogen tusken de personaazjes komme út de 'Bijbel in Gewone Taal' en de muzyk bestiet faak út besteande, Nederlânske nûmers.
The Passion takom jier nei Harns: boargemaster wol stêd op de kaart sette
Yn de útstjoering rint ek in grutte prosesje fan minsken mei in grut wyt, ferljochte krús nei it poadium ta.

'Peaskeferhaal noch hieltyd aktueel'

It programma wurdt út de kristlike tradysje fan KRO-NCRV makke. Direksjefoarsitter Peter Kuipers jout oan dat it peaskeferhaal noch hieltyd aktueel is, ek al is it hast twatûzen jier âld. "Het brengt mensen met elkaar in verbinding", seit hy.
"Nu het paasverhaal dit jaar met publiek mogelijk is willen we mensen uit heel Nederland weer samenbrengen."
It tal besikers yn Ljouwert waard yn 2017 op 20.000 skatten. Dêrfan stiene 12.000 op it Saailân, en op it Aldehoustertsjerkhôf wie it op in grut skerm te folgjen.

Yn 2017 al yn Ljouwert

It evenemint koste yn 2017 sa'n 200.000 euro. Gemeente Ljouwert en de provinsje betellen dêrfan elts in ton. Njonken gemeente en provinsje wurken in lytse 30 tsjerken en sa'n 700 frijwilligers mei oan de organisaasje. The Passion paste doe ek yn de oanrin nei de eveneminten foar Kulturele Haadstêd 2018.
It krús waard yn Ljouwert troch in tweintichtal dragers fan it Cambuurstadion nei it Saailân ta brocht. Goed 750 minsken rûnen yn de prosesje mei.
Yn Ljouwert wiene allerhanne ferkearsmaatregels troffen. De gemeente lei betonblokken del, helle fytsen fuort en makke guon strjitten ienrjochtingsferkear. Fierder rûnen der ek befeiligers mei de prosesje mei. De rûte bleau lang geheim om de feiligens te garandearjen.
Elske DeWall song as Maria ek yn it Frysk © ANP
Op it muzikale flak krige The Passion in Frysk tintsje: 'In Nije Dei' en 'Wêr bisto' stiene op it repertoire. De organisaasje wie ûnder de yndruk fan hoe't Elske DeWall de rol fan Maria spile.
Regisseur David Grifhorst sei doe dat Ljouwert in 'te gekke' stêd wie om te filmjen. De kar foar Ljouwert waard makke fanwegen de âlde binnenstêd.
Yn 2017 seagen 3,1 miljoen minsken nei it evenemint fia de telefyzje. Jezus waard doe troch Dwight Dissels spile, Elske DeWall wie Maria. Petrus waard spile troch Omri Tindal, Judas troch Roel van Velzen, Pontius Pilatus troch Johnny Kraaijkamp jr. en Remco Veldhuis wie de ferteller.

Wikseljende lokaasjes

The Passion bestiet yn Nederlân sûnt 2011. De earste edysje waard opset troch de EO en RKK, nei foarbyld fan in Passion dy't troch de BBC útstjoerd waard.
De earste edysje yn Gouda yn 2011 © ANP
It evenemint wurdt alle jierren wer yn in oare Nederlânske stêd organisearre. De lokaasje wurdt keazen op basis fan de bekendheid by it grutte publyk, de romte foar in poadium, de opnamemooglikheden, de reewilligens fan in gemeente om finansjeel en praktysk mei te wurkjen en de sprieding troch de jierren hinne.
De heechste sjochsifers helle The Passion yn 2015, doe't goed 3,6 miljoen minsken nei it evenemint yn Enschede seagen. De edysje fan ferline jier helle 2,2 miljoen sjoggers binnen yn Doetinchem. De ôfrûne edysje koste goed 300.000 euro.

Coronakrisis

Yn 2020 gie de live-edysje fan The Passion net troch fanwegen de coronakrisis. Doe waard in útstjoering mei hichtepunten fan eardere edysjes útstjoerd. Ferline jier wie The Passion yn Roermond, dy't it eins yn 2020 al hawwe soe. Mar dêr wie noch gjin publyk by wolkom, lyk as by de edysje fan dit jier yn Doetinchem.