Rixt van der Horst is A-status kwyt; mei krystmerk hopet se jild binnen te krijen

Rixt van der Horst mei in brûnzen medalje op de Spelen yn Tokyo © ANP
It binne drege tiden foar paralympysk amazône Rixt van der Horst fan Grou. Se hat har dit jier net kwalifisearre foar it WK en dêrom rekke se yn oktober har A-status by it NOC*NSF kwyt. Dêrmei is de regearjend wrâldkampioen ek har ynkomsten kwyt.
"Ik koe pas yn april mei myn nije hynder begjinne mei trainen en wedstriden en koe dêrom net gau genôch op nivo komme", fertelt Rixt van der Horst. Yn it sykjen fan in nij hynder gie in soad tiid sitten.
Neist har ynkommen is se ek har auto kwyt. Se fielde al wol wat oankommen. "Mar it jout wol in protte stress en ûnsekerheid. It is altyd lestich om elk jier wer alles rûn te krijen, dat hâldt my wol dwaande neist de sport."

EK

Takom jier kin se wer yn de beneaming komme foar in kwalifikaasje. "As dat slagget foar it EK is de kâns grut dat ik de A-status weromkrij."
Dat EK is begjin septimber, oant dy tiid wol se alles safolle mooglik trochgean litte kinne. Mar se hat dêrby stipe nedich. "Myn mem is dwaande om in krystmerk te organisearjen, dat ha myn âlden ferline jier ek dien. Dat wie doe foar de Spelen yn Tokyo en dat wie sa'n sukses dat we it no wer dogge."
De krystmerk is by de âlden fan Van der Horst yn Grou yn de earste twa wykeinen fan desimber. "Der binne al in soad minsken dwaande om moaie dingen te meitsjen. Ik bin der hiel tankber foar. We hoopje dat it in grut sukses wurdt."
Rixt van der Horst
Van der Horst wol graach wer meidwaan oan de Olympyske Spelen yn Parys yn 2024. Dêr hat se 50.000 euro foar nedich. In tal fêste sponsoaren bliuwt by har.