HEA! Fan melkfee nei Longhorns

HEA! Goeie yn Baaium
Mei in skeppe makket Oane wat foerbiten fyn as fretten foar de bargen en de hynders. It bultsje is genôch foar de hiele winter. Oane en syn frou Itte wolle de fiedselstring op har bedriuw sletten hâlde: sels ferbouwe wat se nedich binne foar it eigen fee.
Sy binne dwaande mei de oergong fan in regulier melkfeebedriuw nei in biologyske fleisfeehâlderij mei Texas Longhorns. Fierder wolle se ek in pluktún, in kuierpaad en krûderyk fûgellân oanlizze.
De hiele transysje kostet wol in pear jier, dêrom dogge de Sminken it no, no't se noch jong genôch binne.