Resinsje Winsumer Mearke: in bûnte show fol bysûndere minsken

Henk te Biesebeek beskôget De Grutte Showman © Omrop Fryslân
It Winsumer Mearke hat al jierren sukses mei âlde mearkes yn in modern jaske. Noch nea earder spile de foarstelling lykwols sa bot yn op in aktueel tema as dit jier: eltsenien hat rjocht op syn eigen aard en identiteit. In bûnte show mei in poadium fol bysûndere minsken is it gefolch.
Ronald van der Veer bewurke dit kear de tekst fan de musicalfilm The Greatest Showman, basearre op it libben fan P.T Barnum. Dizze Amerikaanske fisionêr begûn syn karriêre ea mei in soarte fan rariteiteshow yn it teäter.

Sirkus

Nei in allesferneatigjende brân, oanstutsen omdat syn shows yn striid mei de boargerlike seden en earberens wêze soene, spile Barnum syn foarstellings tenei yn in tinte. En waard letter wrâldferneamd mei syn Barnum & Bailey-sirkus.
Jan de Haan, Aly Zijlstra en Tara de Puijselaar as de famylje Van Barnum © Corina Blok
Wat in hearlike foarstelling hawwe Van der Veer en de beide regisseurs Rianne Hoogeveen en Sjoerd Blom fan De Grutte Showman makke! En wat in grut ferskaat oan minsken mei al har (eigen)aardichheden wurdt op it poadium byelkoar brocht. Minsken mei fetsucht, genderproblematyk, skizofreny, it syndroom fan Gilles de la Tourette en sels in frou mei burdgroei, it komt allegear foarby.
In frou mei burd, fan merke-attraksje nei teäterstjer © Corina Blok
Dat ferhaal wurdt mei in soad humor brocht, sadat de ynhâld lichtfuottich bliuwe kin. Mar it boadskip is dúdlik: "Hjir binne gjin freaks, allinnich mar bysûndere minsken."

Spontaan

Moai om dan te sjen hoe't it jonge publyk - ik wie by in skoalfoarstelling mei bern tusken de acht en alve jier âld - op de foarstelling reagearret. It fermoeden dat dit ûnderwerp mear oanslaan soe by in wat âlder publyk, wie op neat basearre. Mei alle personaazjes waard like spontaan meilibbe. Nimmen op it poadium waard útlake.
Mearke Winsum: gjin freaks mar bysûndere minsken © Corina Blok
Dat fertsjinnet fansels in komplimint oan alle spilers. Dan falt ek op dat je hieltyd mear gesichten op it poadium werkenne út oare teäterproduksjes yn Fryslân. Benammen jong talint dat as gastspiler tusken de ferskate produksjes liket te rûlearjen. En wêrom net? It tilt ek dizze foarstelling nei in krekt wat heger nivo. In positive útwikkeling yn it Fryske teäterlânskip.
Mayte en Siebo: foarbyld fan jong talint op ferskate Fryske poadia © Corina Blok
Dat jildt spitigernôch net foar alle sangpartijen. Net eltsenien sjongt as in klyster. Haadrolspiler Jan de Haan, dy't oars hiel moai Fin van Barnum op de planken set, moast benammen yn de legere regioanen op syk nei syn eigen stim.
En dan is it wier in misferstân fan de regy om dit euvel troch lûde muzyk fan orkestbannen maskearje te wollen. Dat wurket net. En ach, ek yn it toanielspul foelen no en dan krekt wat te lange mominten fan stilte en wifeling.

Ekstra foarstelling

Hawar, yn wer in prima dekôr stiet de foarstelling fierders as in hûs. In útferkocht hûs. Moai dat dêrom besletten is ta in ekstra foarstelling op snein 27 novimber.