Skiermûntseach krijt fjoerwurkferbod foar kommende jierwiksel

Fjoerwurk © ANP
Mei de jierwiksel komt in fjoerwurkferbod op Skiermûntseach, útsein in sône yn de súdeastkant fan it doarp. It is in kompromis tusken de foar- en tsjinstanners fan it ôfstekken fan fjoerwurk.
Ien fan de belutsen partijen is de wurkgroep Vuurwerkvrij Schiermonnikoog. "Beide partijen hebben water bij de wijn gedaan en naar elkaar geluisterd, maar voor mijn gevoel is iedereen tevreden over deze oplossing", seit Harry Alers fan de wurkgroep.
Neist de aparte sône is der noch in oare mooglikheid. "Mensen kunnen ook een vuurwerkvrije straat aanvragen als daar een meerderheid voor is."
By it unanime beslút yn de ried is ek praat oer kommunikaasje en hanthaving. "We gaan direct alle inwoners en gasten op de hoogte te stellen, ook verhuurders laten het hun gasten weten." Hanthaving bliuwt lestich, mar dêr hat Alers wol betrouwen yn.
It giet om in pilot foar de kommende jierwiksel. "In het nieuwe jaar gaan we evalueren."
Harry Alers