ROC Friese Poort-learlingen krije les yn de praktyk op bouplak Cambuurstadion

Learlingen op it plak fan it nije Cambuurstadion © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De learlingen fan de bou-opleiding fan ROC Friese Poort krije les op it bouplak fan it nije Cambuurstadion yn Ljouwert. De skoalle wol praktyk en teory byinoar bringe en set dêrom in pop-up klasselokaal op it bouplak del.
It nije Cambuurstadion komt oan it Fryslânplein by it WTC. Dêr wurdt op dit stuit wurke oan de bou fan it stadion.
Op de hoeke fan it bouplak stiet in reade kontener. "Dat is it klasselokaal", seit dosint Jan Piet de Jager fan ROC Friese Poort. Hy stiet mei sa'n 15 learlingen foar de yngong fan de kontener.
Learlingen op it plak fan it nije Cambuurstadion © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De Jager hat in lânmjitter en boulaser yn de hân en lit dy oan de klasse sjen. Efter him komme de kranen del dy't op it bouplak oan it Cambuurstadion dwaande binne. "No sjochst fuort dat de learlingen mear fan de praktyk meikrije", seit De Jager.

Fuort yn de praktyk

"Ik lis no dingen út oer de fundearring of hoe't sy wat mjitte moatte en efter my wurdt soks yn de praktyk dien. De lessen draaie dus ek mear om grutte projekten as it stadion. Wêr moatte wy om tinke by it bouwen fan in tribune as der 3.000 man op moatte? Sa wurdt it folle fisueler. Sy hawwe niiskrekt yn de kontener útlis hân oer grûnsoarten en kinne no bûten sjen."
ROC Friese Poort hat in pop-Up lokaal by it Cambuurstadion
Nei de yntroduksje oer de lânmjitter moatte de learlingen sels oan de gong mei de apparatuer. "Ik ben hier blij mee," seit Finn Nieuwenhout.
Hy is mei de lânmjitter oan de gong en rint nei de oare kant fan it bouplak. "Normaal hebben we dan theorieles achter een computer, maar daar heb ik niet zoveel mee. Je wilt lekker bezig zijn met je handen en een boek lezen is niets voor mij. We krijgen daar de ruimte voor."
Finn hâldt oan de oare kant fan it bouplak op mei rinnen en wiuwt nei syn klassegenoat Ids Reitsma. Dy mjit hoefolle meter hy en Finn útinoar stean.

Grut projekt yn hannen

"Ik fyn it ek moai om te sjen hoefolle wurk der by sa'n grut projekt as de bou fan in stadion te sjen komt", seit Ids. "Gewoanwei sitte wy by de bou fan in wenwyk, mar no by in grut stadion. Dat is unyk."
ROC De Friese Poort jout les op it bouplak © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Wy hoopje dat de learlingen no ek mear fan de teory meikrije", seit De Jager. "It binne learlingen dy't net in soad mei teory ha. Dêrom kieze sy ek foar in oplieding dy't benammen yn de praktyk is."
Dochs heart ek teory der gewoan by. "Mar as wy dat op dizze wize nijsgjirrich meitsje kinne foar de learlingen, hawwe wy der allegearre wat oan. Ik lis yn it lokaal wat út oer de grûn en bûten rydt de kraan it terrein op. It komt ticht byinoar."