Supermerk yn Wurdum siket frijwilligers foar mear maatskiplike belutsenheid

De Centerrr yn Aldeboarn © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
De buertsuper fan Wurdum siket frijwilligers om de ynwenners fan it doarp mear by de supermerk te belûken.
De winkel yn Wurdum is in Centerrr-supermerk dêr't handicapten wurkje as deibesteging. Ferlykbere winkels yn Toppenhuzen en Aldeboarn moasten koartlyn ticht, om't se net genôch klanten hiene. Yn Wurdum draait de winkel goed, mar dochs is der ferlet fan frijwilligers.
It giet net om om kassameiwurkers of fakkefollers. "Met het eigen team kunnen we de winkel goed bedruipen, maar het gaat om extra activiteiten. We zoeken vrijwilligers die met ons een team vormen om dingen te bedenken, want de supermarkt is een centraal punt in het dorp", seit manager Tom Baaij. Hy tinkt oan in moetingsplak foar âlderein of mei-elkoar kryststikjes meitsje.

Foar de mienskip

"Het idee van de buurtsuper is dat die er voor de gemeenschap is, dus wat wil de gemeenschap van de buurtsuper? We willen luisteren naar de mensen. Laatst hebben we ook met dorpsbelang gesproken."
Lytse supermerken ha it net maklik. "Dus kijken we naar andere mogelijkheden voor meer inkomsten en meer betrokkenheid. Als Centerrr vervullen we een maatschappelijke functie."
Nei in oprop yn de doarpskrante binne der noch gjin oanmeldingen kaam.
Tom Baaij