'Teelt himp, tuorrebouten of reid foar de bousektor nimt grutte flecht'

Tuorrebout © ANP
It ferbouwen fan tuorrebouten en himp, mar ek reid of oaljefantsgers foar it bûken yn de bou kin de kommende jierren wolris in grutte flecht nimme. Dat ferwachtsje in soad belutsenen, lykas boubedriuw Dijkstra Draisma, duorsumheidsbedriuw Greeninclusive en fertsjintwurdigers fan gemeentes.
Dat die bliken op in gearkomste yn it Biosintrum yn Easterwâlde dêr't de boereteelt foar de bou sintraal stie.

Fergoeding

Oer it fertsjinmodel binne noch wol wat fragen, mar dêr wurdt hurd oan wurke. De ferskate gewaaksen lizze in soad CO2 fêst. As dêr in goede fergoeding tsjinoerstiet, kin dat de ferbou oantreklik meitsje foar de boer.
Boer kin ek tele foar de bou
Neffens Loraine Westernering fan Greeninclusive is it bygelyks fan grut belang dat de teelt fan fezelhimp takom jier opnaam wurdt yn it GLB, it Gemeenschappelijk Landbouw Beleid fan de oerheid. "Dat maakt het financieel ook interessant voor de agrarische sector."

Himp

Greeninclusive produsearret himp op 200 bunder lân en hopet de kommende jierren troch te groeien nei 600 bunder. Ek binne der noch altyd petearen geande mei de oerheid oer de bou fan in himpferwurkjende fabryk yn Fryslân.

Tuorrebout as isolaasje

Boubedriuw Dijkstra Draisma stribbet nei hûndert bunder lân foar de oanbou fan tuorrebouten. Dêrmei kin it bedriuw de hûzen dy't produsearre wurde yn it fabryk yn Dokkum folslein fan isolaasje foarsjen. Coen Verboom tinkt dat dat oerflak yn de kommende jierren helber is.
Jan Hania, boer yn Westergeast, docht mei oan in eksperimint mei de teelt fan tuorrebouten op syn lân yn it feangreidegebiet. "As je tichtby in natoergebiet sitte en je kinne of meie troch regeljouwing net mear buorkje, dan sil dit miskien in alternatyf wêze kinne", seit Hania.
Je hoeft er eigenlijk niks aan te doen. Het groeit vanzelf.
Boer Van der Plaats yn Warkum ferbout himp
Boer Jan Pieter van der Plaats fan Warkum ferbout dit jier foar de twadde kear op rige himp op syn pleats as wikselgewaaks. Hy is tige posityf oer it gewaaks sels. "Je hoeft er eigenlijk niks aan te doen. Het groeit vanzelf."
Wol tinkt er dat de fergoeding noch wat omheech moat om de teelt echt oantreklik te meitsjen. "Ik denk dat de prijs dan nog een keer over de kop moet", seit er.