Famylje Smink hâldt Britske en Texas Longhorns yn greidefûgellân

Texas Longhorns © Omrop Fryslân
Oane & Itte Smink út Baaium makken yn septimber 2021 de oerstap fan in tradisjoneel melkfeebedriuw nei biologysk natoerynklusyf buorkjen. Se ferkochten 10 hektare lân en fosfaatrjochten. Yn de greide stean no ferskate merinoskiep en ek sa'n 25 Britske en Texas Longhorns.
De soan fan it pear Smink woe de pleats op termyn wol oernimme, mar net yn de hjoeddeistige foarm en dus waard der neitocht oer in takomstbestindige ynfolling.
"Wy hawwe fan de provinsje Fryslân grien ljocht krigen foar ús projektplan Hastem Hoeve", fertelt Itte Smink. "Wy hawwe al in pluktún mei blommen en krûden, mar wy sille ek ynsette op edukaasje en ûntspanning op ús biologyske pleats. Sa jouwe wy minsken in 'kijkje' yn it boerelibben."
Texas Longhorns yn greidefûgellân
Sadwaande ynvestearren Oane en Itte ek yn nij fee dat goed bedijt op gers út fûgeltsjelân. Benammen de Britske en Texas Longhorns lûke in soad nijsgjirrige blikken.
Wylst yn novimber de lytse kealtsjes op stâl stean tsjin de kjeld, krije de gruttere bollen en kij alle romte bûten. En dat is ek wol nedich, want de hoarnen fan de bisten kinne wol sa'n 2,5 meter breed wurde.
Itte & Oane Smink mei harren Longhorns © Omrop Fryslân
Hastem Hoeve hâldt de fleiskij foar de fok, mar sil it ek ferkeapje oan in restaurant út de omjouwing. In bykommend foardiel is ek dat de Longhorns in posityf effekt hawwe op de stân fan de greidefûgels, leit Oane út. "Katten, hûnen en ek foksen bliuwe út de buert fan de ymposante bisten en sadwaande beskermje se ek de pykjes en dat is goed foar de greidefûgelstân."