HEA! In beam fol griene waarmte
HEA! Krystbreidzjen
Sokken, sjalen, mûtsen. De froulju fan it hantwurkkafee fan Grou breidzje it iene nei it oare waarme stik klean. Allegearre yn griene kleuren en bedoeld foar minsken dy't wol wat waarmte brûke kinne.
It doel is om úteinlik in krystbeam fan oardel meter heech, makke fan gaas, hielendal fol te krijen. De froulju binne thús ek wol oan 'e gong, mar mei elkoar yn it hantwurkkafee is it geselliger. Under it genot fan in praatsje, kofje en wat lekkers, fljocht der samar wer in sok of want fan de priemmen.