Man oanholden foar oantaasting fan twa froulju by supermerk Sint Anne

© ANP
De plysje hat in 45-jierrige man út de gemeente Waadhoeke oanhâlden as fertochte fan oantaasting fan twa froulju yn Sint Anne.
De man spruts de froulju oan op it parkearplak fan in supermerk oan de Warmoesstrjitte. Hie die krekt as woe er harren helpe, mar dêrnei die bliken dat de man oare bedoelingen hie.
Nei't de froulju oanjefte dien hiene, hat de plysje de man oanhâlden. De plysje siket tsjûgen, mar is ek op syk nei oare froulju dy't mooglik troch de man oansprutsen binne.