Anne-Gryt Otten út Aldegea ferlear har hert yn Australië: "Ik bin hartstikke gelokkich"

Anne-Gryt Otten mei famylje yn Australië © Eigen foto
De 25-jierrige Anne-Gryt Otten út Aldegea (SWF) wennet no goed fjouwer jier yn Australië. Doe't se op har 19e klear wie mei skoalle, woe se har dream achternei: op reis. Fia Perû reizge se troch Súd-Amearika. Se kaam werom nei Fryslân, mar gie al gau wer fuort.
Se stapte yn it fleantúch nei Australië, en kaam dêr de leafde fan har libben tsjin: Tubby. "Ik ha him op it rugbyfjild troffen", fertelt Otten. "Yn Ayr, dêr't wy no wenje, yn North Queensland. Hy spilet foar it Queensland-team, dus hy docht it bêst wol goed."
Se kaam mei Tubby yn kontakt troch mienskiplike freonen. "En dêrnei fia social media. Doe haw ik him útnûge en is er by my delkaam." Dêrnei kaam er hast alle dagen. Hy hat har sels oan it rugby spyljen krigen, by it frouljusteam. "It is leuk om dêr ek diel fan út te meitsjen."
Anne-Gryt mei har freon Tubby © Eigen foto
Mei har freon hat Otten krekt in hûs kocht, mei fiif sliepkeamers en flakby it strân. "Huisje, boompje, beestje, twa katten", fertelt se. "We ha hjir in reedlike tún mei mangobeammen yn de achtertún. Ik ha juster krekt fjouwer tassen fol mango's plukt. Dat is wol lekker, eigen mango's út de tún."
Otten wurket yn Australië as manager yn in kafee. "Dêr meitsje ik kofje en regelje ik bestellingen. En ik stjoer it personiel oan."
Se hie nea tocht dat se yn Down Under wenje soe. "Ast my fjouwer jier lyn fertelle soest, dat ik hjir yn fjouwer jier in hûs ha, in freon en twa katten, dan hie ik dy foar gek ferklearre."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Wat har famylje yn Fryslân oanbelanget, is it "bittersweet", tinkt Otten. "It is goed, want ik ha it hjir goed en bin hartstikke gelokkich. Mar it is wol in hiel ein fan hûs. As der wat gebeurt, kinne je net samar even nei hûs ta. Mei jierdeis en de krystdagen kinst net mei dyn famylje wêze. By bepaalde dingen misse je dat natuerlik wol in soad."
We wolle hiel graach dy kant opkomme. Dan kin ik Tubby sjen litte wêr't ik weikom.
Anne-Gryt Otten tinkt takom simmer nei Fryslân te kommen
Se mist dan benammen de gesellichheid mei har famylje en freonen yn de kriisttiid en mei âld en nij. "It nei de keet gean en it karbidsjitten is dan ek altyd wol hiel leuk. Wy hienen altyd in hiel leuk ploechje. Mei syn allen om tafel, Sineesk ite en de hiele dei karbidsjitte."

Ald en nij yn Ayr

Yn Ayr wurdt âld en nij net wiidweidich fierd, fertelt Otten. "Se ha hjir net echt wat tradisjoneels, en fjoerwurk op strjitte mei ek net. Foarich jier ha we nei in festival west en dêr ôfteld. It jier dêrfoar ha we by freonen thús west."
Plannen om foar altyd werom te kommen nei Fryslân hat se net. "Mar we wolle wol hiel graach dy kant opkomme. Dan kin ik Tubby ek sjen litte wêr't ik weikom. Dêr haw ik enoarm sin yn. En ik wol natuerlik elkenien wer sjen, myn freonen en famylje. Ik hoopje yn de kommende trije moannen flechten te boeken en dan tink ik simmer takom jier", beslút Otten.
Anne-Gryt Otten yn Australië