De toan fan Froukje Sijtsma: "De langste rige duorret faak it koartst"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"De langste rige duorret faak it koartst. It is in teory dêr't ik al in skoft fan oertsjûge bin. Dochs traapje ik soms wer yn âlde gewoanten en pak ik de koartste rige by de supermerk.
Myn kuorke mei boadskippen siet sa goed as fol. Molke en yochert, bôle, in bakje biologyske kipfilet fan hast 9 euro en noch wat biologyske komkommers, paprika's en tomaten. Doe't ik ôfrekkenje woe, seach ik dat der mar ien kassa iepen wie en dêr stie in lange rige foar. Mar by de selsscankassa wie gjinien, dus gie ik dêrhinne.
Earst scande ik myn koartingskaart. Dêrmei krij ik nammentlik tsien prosint koarting op biologyske produkten. Dêrnei blypte ik de streepkeskoades fan de produkten en pakte de boadskippen fuortendaliks yn. Wat pakken yn myn rêchtas en it lytse guod yn in tas dy't ik meinaam hie. Efkes skeat de gedachte troch de holle dat ik noch nea in stekproef meimakke hie.
De toan fan Froukje Sijtsma
Ik drukte op de knop 'betelje'. Alle koarting waard ferwurke en ik moast goed 40 euro ôfrekkenje. Mar doe kaam der in famke oan. Har systeem joech de opdracht my te kontrolearjen. Se wist sels allinnich noch net sa goed hoe't it apparaatsje krekt wurke. Se frege my dêrom alle boadskippen út de tas te heljen.
Doe't ik klear wie, krige se it skamread op de wangen. "Sorry mevrouw, ik heb uw kassabon gewist. U kunt nu niet betalen en moet alles opnieuw gaan scannen." Opnij blypte ik alle produkten, die de boadskippen wer yn de tassen en op de ein soe ik myn koartingskaart scanne, mar it systeem pakte 'm net.
It famke fan de kontrôle bea oan om har kaart te brûken. It skermke fertelde dat ik goed 43 euro betelje mocht. In heger bedrach as fiif minuten dêrfoar. Doe betocht ik my dat har kaart grif gjin 10 prosint koarting op biologyske produkten jout. En dat koe se ek net foar my regelje. Se rette my oan earst mar te beteljen en my dan te melden by de servicebaly.
Ik ferwachte dat se dy koarting dêr grif mei ien druk op de knop ferwurkje kinne soenen. Mar nee. De servicemeiwurker sei dat se al myn boadskippen stik foar stik retoer scanne moast. En dus helle ik myn tassen opnij leech.
Dêrnei scande se myn koartingskaart en kamen alle produkten foar de fjirde kear lâns de scanner. It pûdsje koriander seach der ûnderwylst aardich fynstampt út. De frou drukte op de magyske knop, en doe joech de kassa oan dat ik noch twa euro bybetelje moast. Panysk begûn se op wat toetsen om te huffen, mar it bedrach feroare net.
Ik krige der sa stadichoan de smoar yn en de servicemeiwurker seach de rige by har baly ek groeien. "Bent u akkoord als ik u 10 euro geef. Dan kunnen we het nu afhandelen. Dat doet mijn werkgever zelf ook wel eens." It wie my allegear wol bôle. En de folgjende kear? Dan stap ik gewoan wer yn de langste rige mei ien achter de kassa. Wol sa gesellich en dy langste rige duorret meast dochs it koartst."